Stedsgrêft (Snits): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw de nije nammen fan de brêgen brûkt.
Rigel 18:
 
Fan de Keningsbrêge rint it wetter nei it noarden, tusken de ''Tsjerkegrêft'' en de ''Westersingel'' troch. Dit part hat yn de folksmûle de namme fan ''Tsjerkegrêft'', nei de wâle dêr't it bylâns rint. Dit part is nei alle gedachten in natuerlike begrinzing fan de stêd, dy't sa ta stêdgrêft wurden is.
Oan de noardein fan de âlde stêd draait it wetter nei it easten nei de [[Noarderpoartsbrêge]]. Dit stikje hjit ek wol ''Noardersingel'', nei de namme dy't de kadekaai oan de noardkante fan it wetter earder hân hat. Hoewol't it wetter yn oarsprong ûntstean is sa't de Tsjerkegrêft ûntstean is, is de hjoeddeiske lizzing it gefolch fan it ferdigeningswurk fan de ''Noarderpoarte'' dat de noardein fan de stêd foarmjûn hat.
 
Fan de Noarderpoartsbrêge rint de Stêdsgrêft nei it easten tusken de ''Prins Hindrikkade'' en de ''Badhúsgrêft'' troch, nei it punt dêr't earder de ''Neltsjehaven'' der op oansleat, en dan tusken de ''Prins Hindrikkade'' en de huzen fan de ''Noarderpoart'' troch nei de oanslúting mei de [[Frjentsjerter Feart]]. Op dizze twa stikjes wurdt it wetter almeast ''Badhúsgrêft'' neamd, nei de kade dêr't it earste bylâns rint. Ek dit part is foarme troch de ferdigening fan de Noarderpoart.
Rigel 33:
 
== Middelrin ==
Fan de eastein fan de Kolk oan de binnenkant fan de [[Snitser Wetterpoarte|Wetterpoarte]], rint de Middelrin tusken itde beide Heeacheinwâlen enfan it [[Heechein]] ûnder de ''Heecheinsterbrêge'' troch nei it easten. Dit part, dat yn de folksmûle it ''Heechein'' hjit nei de beide kaden, hat lang de haven fan Snits west, oant begjin 17e iuw de Kolk útgroeven waard ta in haven. It wetter gong oarspronklik fierder troch de ''Singel'' en de ''Hege Peallen'', mar sûnt de Singel yn de [[20e iuw]] dimpt is, is de ''Súdbrêge'' de ienigste trochgong.
 
Fan de Súdbrêge ûnder de ''Middelbrêge'' troch nei de ''Aaiebrêge'' rint de Stêdsgrêft tusken itde ''Grutsân''beide enwâlen fan it ''Grutsân'' troch troch de stêd nei it noarden. Dit part hjit yn de folksmûle ít ''Grutsân'', nei de beide kaden. Dit is nei alle gedachten in wetter dêr't Snits as hannelsstêd bylâns woeksen is.
 
By de Aaiebrêge, in oerklúsing dy't trije âldere brêgen ferfong dêr't de âlde ''Aaiebrêge'' der ien fan wie, giet ''de Wip'' nei it westen, en gong eartiids it wetter fan it Grutsân fierder nei it noarden. Yn de 19e iuw is dat lêste wetter lykwols oerkluze en it is no net langer tagonkelik. De ienichste fuortsetting is nei it easten, tusken de ''Sûpemerk''beide enwâlen fan de ''Sûpemerk''/''Suupmerk'' troch, wat yn 'e folksmûle ''Sûpemerk'' hjit, nei de beide kaden. Dan rint it wetter ûnder de [[Bokkensbrêge]] (''Sylsterbrêge'') troch, ek wer in oerklúsing dy't âldere brêgen ferfong: fjouwer brêgen dêr't de âlde ''Sylsterbrêge'' der ien fan wie.
Fan dêr rint de grêft ûnder de ''ByskestegebrêgeBysketoerbrêge'' tusken ''Lytssân''de enbeide wâlen fan it ''Lytssân'' troch en draait stadich nei it noardeasten, oant it troch de ''Lytssânsterpiip''[[Jousterpiip]] op de noardrin útkomt. Dit lêste part hjit yn 'e folksmûle nei de beide kaden it ''Lytssân''. Moochlik binne dizze parten fier yn it ferline groeven as tagong fan de huzen dy by de Himdyk lâns stienen. It Lytssân is earst by de útwreiding fan 1492 by de stêd kaam.
 
Troch de oerkluzings fan de Aaiebrêge en de SylsterbrêgeBokkensbrêge, en trochdat de kaden yn de rin fan de tiid útwreide binne wêrby it wetter smeller makke is, is de middelrin gjin gaadlik farwetter. As ''wetterstêd'' wurdt der troch Snits lykwols al nei sjoen hoe't dit ferbettere wurde kin.
 
== Monuminten ==