Moanne (natuerlike satellyt): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎De Moanne: [[]] oars
Rigel 9:
De massa fan de Moanne dy't it wetter nei him ta lûkt jout it [[tij]]. De ôfstannen en diameters fan de Ierde, de Moanne en de [[Sinne]] binne sa dat as se op in rige stean, der in [[sinnefertsjustering]] of in [[moannefertsjustering]] komme kin. As se net op in rige stean is sjoen fan de Ierde in part fan de moanne ferljochte. Dit hjitte de [[skynfoarm]]en fan de moanne.
 
De minsken hawwe lang besocht op de Moanne te kommen. Der binne ek in protte ferhalen oer skreaun. Al om it jier 160 hinne skreau [[Lusianus fan Samosata]] ''Vera Historia'', oer in seeskip dat troch in stoarm yn de loft blazen wurdt en op de moanne bedarret. It ferneamdste ferhaal is faaks ''[[In Reis nei de Moanne]]'' fan [[Jules Verne]].
 
Op [[14 septimber]] [[1959]] berikke de [[Luna 2]] út de [[Sowjetuny]] as earste de Moanne, troch der tsjin te pletter te slaan. In pear jier letter wie it de [[Luna 9]] dy't op [[3 febrewaris]] [[1966]] om 18.44.52 (UTC), as earste romteskip op de Moanne lâne. It duorre oant [[20 july]] [[1969]] eart [[NASA]] der as earste, en oant no ta as ienige, yn slagge minsken op de moanne lânje te litten. Op [[21 july]] 1969 sette [[Neil Armstrong]] as earste minsk foet op de Moanne, mei de wurden: ''That's one small step for man, one giant leap for mankind'' ("Dat is in lytse stap foar in minske, (mar) in geweldige ljep foar de minsk.") Yn totaal hawwe tolve minske op de Moanne west. De lêste misje wie de [[Apollo 17]], dy't op [[11 desimber]] [[1972]] de moanne berikte.