Politike Partij Radikalen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling PPR
lyts flaterke oanpast.
Rigel 6:
By de ferkiezings fan 1972 makken hja mei listoanfierder [[Bas de Gaay Fortman]] in grutte sprong fan twa nei sân sitten. De partij rjochte har ûnder oaren op ûntwikkelingsgearwurking, miljeu en ûntwapening. De PvdA, PPR en D66 hellen mei har trijen 56 sitten yn de Twadde Keamer en foarmen mei de ARP en KVP it [[kabinet Den Uyl]], it meast linkse kabinet dat Nederlân ea hân hat. De PPR levere de ministers [[Harry van Doorn]] (Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik wurk (CRM) en [[Boy Trip]] (Wittenskipsbelied) en steatssikretaris [[Michel van Hulten]] (Ferkear en Wettersteat). Bas de Gaay Fortman waard de fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer.
 
By de Keamerferkiezings fan 1977 waard [[Ria Beckers]] de earste froulike Nederlânske listoanfierder. De ferkiezingsstriid gong yn 1977 tusken Joop den Uyl (PvdA) en Dries van Agt (CDA) en dat betsjutte dat de lytse linkse partijen in soad sitten ferlearen. De PPR belâne fan sân op trije sitten.
 
Yn de jierren tachtich wie de PPR tsjin de kearnwapens mar der kamen ek hieltyd mear mieningsferskillen tusken de leden oer de takomst fan de partij. Yn 1989 gong de PPR diel útmeitsjen fan [[Grien Links]], in gearwurking fan PPR, PSP, Kommunistyske Partij fan Nederlân (CPN) en Evangelyske Folks Partij (EVP). De partij hie op har hichtepunt rom 13.000 leden. Yn 1989 wienen der noch in lytse 6.000 oer.