Slach by Warns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Strategyën: Meitsje krekte skiednis wer grut
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
Rigel 37:
Willem kaam noardlik fan Starum oan lân en Jan fan Beaumont súdlik fan de stêd. Boppedat sette Willem gleonhastich op Starum oan sûnder te wachtsjen op syn bôgesjitters. It slagge Willem en 500 man kriichsfolk om by it Sint-Odulphuskleaster te kommen omdat de Friezen har bewust komme lieten. De Friezen koenen dêrtroch Willem en syn 500 man fan de oare troepen skiede en him oer it mêd komme. Dêrnei weefden de Friezen mei de oare troepen ôf dy't net mear werom koenen nei de skippen om't dy te fier foar de kust leinen.
 
De hartoch fan Beaumont hie oare swierrichheden yn it sompige lân by it Reaklif. De Hollanners hienen derfoar keazen om gjin hynders mei te nimmen foar de ridders. De ridders, dy't wol harnassen droegen, wienen dêrtroch minder mobyl as it Fryske kriichsfolk. It kamp fan de Hollanners wie net taktysk keazen sadat de Hollanners oan de iene kant allinnich mar nei see ta koenen wylst se fan de oare kant oanfallen waarden troch Friezen. De Friezen folgen de Hollanners it wetter yn sadat se allegear dealseindeaslein waarden.
 
== Nei de slach ==