Barnabas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
Barnabas wie in tawijd kristen út Syprus, wêr hy in soad lân besiet dat hy ferkocht en de opbringst dêrfan oerdroech yn de jonge kristlike mienskip. Hy wie de apostel dy't it opnaam foar de ta it kristendom bekearde kristenferfolger Paulus, dy't doe noch Saulus hiet, wylst de oaren it net op Paulus stean hiene, om't hja tochten dat dy him allinnich mar foardie as kristen.
 
Tegearre mei Paulus reizge Barnabas nei in kristlike gemeente fan benammen net-joaden yn [[Antiochje]]. In soad [[Griken]] wiene dêr ta it leauwen yn [[Jezus Kristus]] kaam en doe't de gemeente yn Jeruzalim dat fernaam stjoerden se Barnabas en Saulus nei dizze gemeente om harren dêr in jier lang te ûnderwizen. Doe't der ûnder keizer [[Klaudius]] in yn oerienstimming mei de wurden fan de profeet [[Agabus]] in grutte hongersneed yn Judéa ûntstie, sette Barnabas tegearre mei Saulus hjir in grutte solidariteitsaksje op om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers yn Jeruzalim en Judéa.
 
[[File:1678 Heiss Paulus und Barnabas in Lystra anagoria.JPG|thumb|left|300px|Paulus en Barnabas yn Lystra]]
Rigel 14:
Mei't der jimmeroan mear net-joaden ta it kristlike leauwen oergyngen, kaam fan joaden út Judéa de fraach oft dizze eardere heidenen harren ek neffens de wet fan Moazes besnije litte moasten. Dit makke de jonge net-joadske gemeente yn Antiochje oerémis en Paulus en Barnabas gyngen nei Jeruzalim om dêr mei de apostels en de âldsten oer dizze saak te praten. Lang net elkenien tocht itselde oer it antwurd op dizze fraach en it liede ta in grutte striid yn de jonge mienskip. Inkelde eardere Fariseeërs dy't kristen woarn wiene, stiene der op dat ek de net-joaden harren besnije litte moasten. Barnabas en Paulus wisten de harkers lykwols te oertsjûgjen dat it besnijen net nedich wie om beholden te wurden, ommers God hie de [[Hillige Geast]] likegoed oan de bekearde heidenen jûn as oan de bekearde joaden. Barnabas, Paulus en mei har Judas en Silas gyngen dêrnei nei Antiochje mei in brief, wêryn't it beslút stie dat de net-joadske kristenen gjin oare ferplichtings oplein krige, útsein it ferbod op it nimmen fan fleis fan offers fan ôfgoaden, fan bloed, fan fleis wêr't noch bloed yn sit en fan ûntucht. De gemeente yn Antochje wie optein doe't de brief oan har foarlêzen waard en Judas en Silas bleaune noch in skoftke ear't hja werom reizgen.
 
Koart nei't de [[Konsylje fan Jeruzalim]] byinoar wie kaam der troch in bittere striid in ein oan de gearwurking tusken Paulus en Barnabas. Paulus beskuldige Barnabas der fan dat hy him beynfloedzje liet troch de joadsk-kristlike delegaasje fan Jeruzalim (Galatiërs 2:13). Paulus woe boppedat mei Barnabas op'e nij alle stêden oandwaan, wêr't de beide apostels earder it bliid boadskip ferkundige hiene. Barnabas woe dan ek Jehannes Markus, dy't oan him besibbe wie, meinimme, mar dat wie Paulus min nei't sin om't dy harren earder yn Pamfylje yn'e steek litten hie. De twa krigen hjir spul oer en lang om let gyngen hja elk in eigen wei. Barnabas gyng mei Jehannes Markus nei Syprus, wylst Paulus tegearre mei Silas troch [[Syrje]] en Sylysje teagen.
 
== De dea fan Barnabas ==