Koerier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L + stikje oer kranten
Rigel 5:
 
De [[frou]]like foarm fan 'koerier' is '''koerierster''', mar dat [[wurd]] hat in spesifike bybetsjutting. Yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden nammentlik koerierstsjinsten foar it [[ferset (Twadde Wrâldkriich)|ferset]] benammen útfierd troch jonge [[froulju]]. Foarbylden fan guod dat hja oerbrochten, binne: [[distribúsjebon|bonkaarten]], ferfalske [[indentiteitsbewiis|identiteitsbewizen]] en teffens soms [[wapen]]s of [[eksplosyf|eksplosiven]]. Dat wie gefaarlik fan wurk, want as se pakt waarden troch de [[nazy-Dútslân|Dútsers]], draaiden se in raar gat yn.
 
Fanwegen it feit dat koeriers histoarysk berjochten oerbrochten, binne ferskate [[krante]]n (dy't ommers ek tynge dogge fan in ferskaat oan dingen) nei dit [[berop]] ferneamd. Sa waard yn [[Fryslân]] ûnder de Twadde Wrâldoarloch in [[fersetskrante]] oprjochte mei as namme ''De Koerier''. Nei de [[befrijing fan de Dútske besetting fan Nederlân|befrijing]] ûntstie dêrút de ''[[Heerenveense Koerier]]''. Dy bestie oant [[1952]] en gie doe oer yn de ''[[Friese Koerier]]'', dy't oant [[1969]] fuortbestie en doe opgie yn 'e ''[[Ljouwerter Krante]]''. In oar foarbyld is de ''[[Corriere della Sera]]'' (de "Koerier fan de Jûn" of "Jûnskoerier"), dat ien fan 'e wichtichste kranten fan [[Itaalje]] is.
 
{{boarnen|boarnefernijing=