Finansjeel direkteur: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L bytsje dúdliker, miskien
Rigel 1:
In '''finansjeel direkteur''' is binnen it [[bestjoer]] fan in grut [[bedriuw]] ferantwurdlik foar de [[jild|finansjele]] gong fan saken. Yn 'e regel is dit de op ien nei heechste funksje binnen in ûndernimming, nei dy fan 'e [[algemien direkteur]]. Yn guon sektors is de finansjeel direkteur ek ferantwurdlik foar de [[analyze]] fan [[ynformaasje|data]]. In [[synonym]] foar finansjeel direkteur is '''finansjeel bestjoerder'''. Tsjinwurdich heart men ek faak de [[Ingelsk]]e term '''CFO''' (útspr.: ['si:ʔɛfʔoʊ], likernôch: "<u>sii</u>-ef-oo"), dat in [[ôfkoarting]] is foar ''chief financial officer'', dat letterlik "finansjeel haadofsier" betsjut.
 
De measte finansjeel direkteuren hawwe in [[oplieding]] folge ta [[boekhâlder]], [[accountant]] of [[controller]] of hawwe in [[stúdzje]] [[ûndernimmingsfinansiering]] dien en in [[mastergraad]] yn [[Master of Business Administration|business administration]] helle. Nettsjinsteande dat is it ek mooglik dat lju dy't net sa'n eftergûn hawwe, oansteld wurde as finansjeel direkteur. Njonken it beärbeidzjen fan 'e deistige [[boekhâlding]] fan in bedriuw, moatte finansjeel direkteuren ek oan [[finansjele planning]] foar de [[takomst]] dwaan en [[argyf|argiven]] byhâlde oer it finansjele bedriuwsferline. Fierders is immen yn dizze funksje nei bûten ta de [[wurdfierder]] fan 'e ûndernimming op it mêd fan finansjele en boekhâldkundige saken. In finansjeel direkteur bringt oer syn aktiviteiten ferslach út oan 'e algemien direkteur en de [[ried fan bestjoer]]