De Boarn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L BoarnXeX, de syl
'fan nl: en de EvF
Rigel 1:
De '''Boarn''' is in rivier yn [[Fryslân]], dy't rint fan [[Bakkefean]] oant [[Jirnsum]]. Eartiids rûn de Boarn foarby [[Raerd]] dêr't er útkaam yn de [[Middelsee]]. De Boarn waard eartiids ek wol ''Borne, Bornde, Bordine'' en ''Burdine'' neamd. De namme komt wierskynlik fan it wurd 'boarne'.
==Rin fan De Boarn ==
 
De Boarn begjint by [[Bakkefean]] yn de gemeente [[Opsterlân]], as it [[Alddjip]] of ek it ''Keningsdjip''. De rivier rint yn krinkels nei it westen oant er, net fier fan [[Terwispel]], fia de [[Skipsleat (Terwispel)|Skipsleat]] nei de [[Nije feart]] laat wurdt.
Der binne oait plannen west om de bopperin by [[Olterterp]] yn ferbining mei de [[Drait]] te bringen. Dit boppestik waard earder ek wol [[Alddjip]] of [[Keningsdjip]] neamd.
 
De middenrin rûn earder oer [[Warniahuzen]] en [[Easterboarn]] nei Aldeboarn.
De âlde rin fan de rivier giet, mei underbrekkings, fierder oan't er by [[Nij Beets]] in oare [[Skipsleat (Nij Beets)|Skipsleat]] krúst. Yn in kanalisearre foarm, en mei in ûnderbrekking, rint de Boarn as it [[Alddjip]] fierder oant de rivier tegearre komt mei it [[Nije Djip]], de ferlinging fan de Nije Feart.
 
Line 11 ⟶ 13:
Foarby de syl hjit de âlde rin fan de Boarn de [[Mûzel (Boarn)|Mûzel]], en giet sa fierder nei [[Raerd]].
 
Foarby Raerd kaam de Boarn út yn de [[Middelsee]]. Faak wurdt oannaam dat de Boarn hjir oarspronklik nei it noarden draaide, en dat de Middelsee fan oarsprong de slenk wie dêr't de Boarn troch nei it noarden rûn, nei de [[Waadsee]]. Mar it soe ek kinne dat doe't de Middelsee noch net sa grut wie, de Boarn fierder gong nei it westen, en fia de [[Marne]]slenkslinke yn de Waadsee út kaam. Yn dat gefal is de de Middelsee earst de ûnderrin fan de Boarn wurden doe't de ferbining tusken dy twa ta stân kaam.
 
Yn alle gefallen lizze tusken [[Skylge]] en [[it Amelân]] it [[Borndjip]] en it [[Bornrif]], dat der hat dúdlik in tiid west dat de Boarn hjir yn de [[Noardsee]] út kaam.
 
== Skiednis ==
Oan de hân fan de geologyske kaarten fan de Ryks Geologyske Tsjinst en de Bosatlas fan 1939 hjirûnder de skiednis fan De Boarn :
 
Ungefear 10500 jier lyn kaam de see oant it hjoeddeiske [[Beetstersweach]]. De Boarn streamde besuden Beetstersweach de see yn.
 
Ungefear 7000 jier lyn wie der in ynham tusken [[Skylge]] en [[Flylân]], mei besuden de strânwâl in lytser waad mei in strook fean bylâns de ouwers. Dy ynham rûn, rjochting Beetstersweach, by heechwetter ûnder. Op it súdlikste punt fan dy ynham mûne de Boarn út.
 
Ungefear 4300 jier lyn wie dy útham ferbrede en útdjippe oant de Middelsee, mei klaai bylâns it wetter en in feanstrook oan de lânside, tusken Aldeboarn en Beetstersweach. By Akkrum rûn dy klaaistrook yn noardlike rjochting. Dêrom bûcht de Boarn hjir no noch nei it noarden ta ôf. Doe kaam de Boarn oer Jirnsum, by Raard yn de Middelsee út.
 
Om 1200 hinne wie de Middelsee safier tichtslibbe, sadat der foar de Boarn in ôfwetteringskanaal nei de [[Snitser Mar]] groeven wurde moast.
 
==Plakken oan de Boarn==
* [[Aldeboarn]]
* [[Jirnsum]]
* [[Nes (Boarnsterhim)|Nes]]
* [[Akkrum]]
* [[Aldskou]]
 
==[[Slach oan de Boarn]]==
Yn de iere Midsieuwen hat oan de Boarn by Jirnsum in fjildslach west tusken de [[Friezen]] en de [[Frankyske Ryk|Franken]].
 
==Boarnster Ie==
Eastlik fan Bakkefean (bûten de Fryske grins) moat earder ek noch de Boarnster Ie rûn ha. Dat wie fann de 16e oan oan 19e ieu. Dat rivierke waard doe ek wol Swarte Ryt neamd.
 
 
[[Kategory:Wetter yn Fryslân]]