Destroyer (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 43:
Yn it hotel wurdt Bren ek weriene mei syn [[broer]] Toby, dy't yn 'e Mospheiryske [[media]] oer de lâning fan it romtefear fernommen hat. Toby hat net sok moai nijs foar Bren, want koart nei de ôfreis fan 'e ''Phoenix'', krapoan twa jier lyn, is harren [[mem]] ferstoarn, dy't it oan it [[hert]] hie. Toby sels is nei ferskate [[houlik]]skrises einlings [[skieding (houlik)|skieden]] fan syn [[oarehelte|frou]] Jill, ek hast al wer twa jier lyn. Se hawwe it [[hûs]] ferkocht en fan syn helte fan 'e opbringst hat Toby in grutter [[jacht (fartúch)|jacht]] kocht, dêr't er no [[toerisme|toeristen]] mei de [[see]] op nimt om te [[angelfiskjen]]. Bren en Ilisidi sykje nei in manear om temûk fan Mospheira oer te stekken nei it fêstelân, en Toby biedt oan om harren op syn jacht oer te farren. Bren wol dêr earst neat fan witte, mar syn broer is like koppich as hysels, dat úteinlik moat er belies jaan. By tsjuster wurde sadwaande Bren, Ilisidi, Cajeiri en harren liifwachten nei de [[jachthaven]] ta riden, dêr't Toby syn [[boat]], de ''Brighter Days'', ôfmarre leit. Dêr stiet Bren noch in ferrassing te wachtsjen, want Toby hat in nije [[freondinne]], mei wa't er op it jacht [[gearwenjen|gearlibbet]]: nimmen oars as Bren syn eigen eks-[[ferloofde]] Barb Letterman. Dat jout al wat ûnderlinge spanning, mei't Bren en Barb net op 'e bêste foet útinoar gien binne, mar Bren hat no al tolve jier in [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] mei syn atevi-liifwacht Jago, en úteinlik witte hy en Barb de striidbile te begraven.
 
Oankommen op 'e kust fan it fêstelân regelje Cenedi, it haad fan 'e liifwachten fan 'e ''aiji''-dûairiêre, dy syn ûnderbefelhawwer Nawari en Bren syn eigen liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini dat der ferfier komt. It blykt om in nei [[fisk]] stjonkende âld [[frachtwein]] te gean dy't eigendom is fan it [[doarp]] Desigien, en dy't harren útliend is troch in Desari fan Desigien, in [[fisker]]man dyoan wa't in fertrouling fan hear Geigi iskunde hat. Underweis nei it [[spoarwegen|spoarstasjon]] te Andaran wurde se oanholden troch in nije [[fjildwachter]] dy't op 'e hân fan Murini is, mar dy't troch Banichi en Jago handich oermastere en finzen nommen wurdt. FrachweinFrachtwein en finzene wurde yn Andaran oerdroegen oan Desari syn [[dochter]] Ruso. Dy sil de nije fjildwachter nei de âlde, ôfsette fjildwachter fan it doarp bringe, dy't op oarder fan Ilisidi syn âlde [[amt]] wer opnimme moat. Mei dy die begjint de kontrarevolúsje en kinne Bren-en-dy net mear werom.
 
Yn in [[wagon]] mei in lading fisk op iis reizget it selskip nei Sidonin, yn 'e Padi-delling, djip yn fijannich gebiet, dêr't se koart foar [[moarnsdage]] oankomme en in [[bestelbuske]] [[dieverij|stelle]] om mei út te naaien. Se reitsje oer de grins fan it swier beboske Taiben en witte kontakt te meitsjen mei de [[houtfêster]]s dêre, dy't ûnder lieding fan Keimi, de hear fan 'e Taibeni-klan en in famyljelid fan Tabini, in guerrilja-oarloch fiere tsjin 'e Kadigidi en harren súdlike bûnsgenoaten. Yn Taiben hearre Bren en Ilisidi dat Tabini dêr west hat, mar der net mear is. Cajeiri foarmet der in ''man'chi''-bân mei twa jonge Taibeni, de fyftjinjierrige [[jonge]] Jegari en syn ien jier âldere [[suster]] Antaro, dy't net brutsen wurde kin, sadat de trije jonge libbens no foargoed ferbûn binne. (''Man'chi'' is ûnfertaalber atevi-konsept, dat sawol 'freonskip', 'leafde' as 'fertrouwen' omfiemet, allegear minsklike gefoelens dy't foar atevi like riedseleftich binne as ''man'chi'' foar minsken is.)