Paralympyske Winterspullen 2018: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
 
+ ynlieding
Rigel 23:
| folgjende = [[Paralympyske Winterspullen 2022|Peking 2022]]
}}
De '''Paralympyske Winterspullen 2018''' ([[Koreaansk]]: 평창 동계 패럴림픽; transliteraasje: ''Pyeongchang Donggye Paereollimpik'') wiene in grut ynternasjonaal [[sport]]evenemint foar [[sporter|atleten]] mei in [[lichaamlike beheining]], yn 'e [[tradysje]] fan 'e [[Paralympyske Spullen]], dat begjin [[2018]] holden waard yn it [[Súd-Koreä|Súdkoreaanske]] [[Pyeongchang]]. Hjiroan namen 49 [[lân|lannen]] en mear as 570 [[sporter]]s diel. It wie de tolfde kear dat de [[Paralympyske Simmerspullen]] organisearre waarden. De iepeningsseremoanje fûn plak op [[9 maart]] en de ôfslutingsseremoanje op [[18 maart]]. It sportbarren omfieme 80 ûnderdielen yn 6 ûnderskate [[sport]]en. It [[snowboarden]], dat op 'e foarrige edysje fan 'e Paralympyske Winterspullen, yn [[2014]] yn [[Sotsji]], noch út twa ûnderdielen bestie en ûnderbrocht wie by it [[alpineskyen]], waard yn Pyeongchang foar it earst yn tsien ferskillende ûnderdielen en as in selsstannige sport beoefene. Foar de Paralympyske Winterspullen fan Pyeongchang waarden deselde fasiliteiten brûkt dy't earder, yn [[febrewaris]], brûkt wiene foar it hâlden fan 'e [[Olympyske Winterspullen 2018|Olympyske Winterspullen]].
 
 
 
== Keppelings om utens ==