Crackstate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
'''Crackstate''' is in [[state]] en [[ryksmonumint]] op [[it Hearrenfean (plak)|it Hearrenfean]]. It waard boud fanwege [[grytman]] [[Hyppolytus Roelofs Crack]] yn [[1608]].
 
Yn likernôch [[1648]] hat [[Johannes Sytzes Crack]], [[grytman]] fan [[Aengwirden]] in nij hûs delsette litten, mar parten fan it âlde gebou waarden opnaam yn it nije. Crackstate is boud yn de betide en strange [[Barok (boustyl)|barokke styl]] fan [[Fryslân]]. De ûntwerper, [[Willem de Keyser]]., hat it lykwols ek Amsterdamske ynfloeden meijûn.
 
It gebou hat in grêft rûnom. De brêge oer de grêft om de stins is fan [[1755]], neffens in ynmitsele stien. De poarte foar de brêge komt út de buertomkriten fan [[Hoarn]] en hat as jiertal [[1819]].
 
It pân waard yn [[1833]] ferkoft oan it Ryk en ferboud ta rjochtbank en finzenis. Mear as in iuw hat it in [[rjochtbank|""Rjochtbank fan earste oanlis"]] en in "Hûs fan Arrest" (finzenis) west. Doe't de rjochtbank yn 1923 opheft waard, bleau de kantonrjochter (de eartiidske Frederjochter) yn Crackstate sitting hâldehâlden. Yn de TwadeTwadde Wrâldoarloch oefene de besetter in wier skrikbewâld út yn de finzenis. Mear as sechtich Nederlanners oerlibben har ferbliuw yn de finzenis net. De gemeente [[It Hearrenfean (gemeente)|It Hearrenfean]] hat it gebou sûnt [[1949]] yn besit en brûkt it sûnt [[1952]] as gemeentehûs.
 
Yn 1962 kaam der in klokkespul mei 37 klokken yn de koepel. Yn 1985 is it kariljon revisearre en binne de santjin klokken ferfongen. De Stichting Carillon Crackstate beheart it carillonkariljon dat mei de hân en meganisyskmeganysk bespile wurde kin. CrakstateCrackstate hat in toer mei in koepeltsje, dat wierskynlik as útsjochpost brûkt waard.
 
== Sjoch ek ==