Hannelingen fan Andréas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
Rigel 16:
De ''Hannelingen fan Andréas'' is ûnfolslein oerlevere yn twa manuskripten. It iene is in ier [[Koptysk]] hânskrift, dat in diel fan it ferhaal werjout en dat de bibleteek fan 'e [[Ryksuniversiteit Utert]] op 'e noed hat. It oare foarmet ûnderdiel fan it [[Gryksk]]talige ''Martyrium''. Fierders binne der noch fragminten en sitaten yn oare teksten oerlevere wêrfan't men tinkt dat dy ta de missende dielen heard hawwe. Mei-inoar soe dat de ''Hannelingen fan Andréas'' dan op in lingte fan 65 haadstikken bringe.
 
TradysjoneelTradisjoneel tinkt men dat de ''Hannelingen fan Andréas'' basearre binne op 'e ''[[Hannelingen fan Jehannes]]'' en de ''[[Hannelingen fan Petrus]]'', en dat dy trije teksten sels deselde auteur hawwe soene, de (wierskynlik fiktive) [[Leusius Charinus]], oan wa't withoefolle twadde-iuwske apokrife teksten taskreaun waarden. De ''[[Hannelingen fan Andréas en Mattias]]'', dy't oarspronklik as ûnderdiel fan 'e ''Hannelingen fan Andréas'' sjoen waard, beskôget men no as in selsstannige tekst.
 
Njonken de beide oerlevere oarspronklike foarmen bestiet der fan 'e ''Hannelingen fan Andréas'' ek noch in drastysk yn lingte werombrochte ferzje dy't omtrint [[593]] skreaun waard troch de [[tsjerkfaar]] [[Gregoarius fan Tours]]. Gregoarius liet frijwol alle apokrife passaazjes wei, en ek oare stikken fan 'e tekst, lykas it ferhaal wêryn't it preekjen fan in [[askeze|asketyske]] libbenswize troch Andréas de frou fan in [[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[prokonsul]] derta oanset om by har man wei te gean (soks wie sosjaal en moreel ûnakseptabel foar Gregoarius syn [[Merovingen|Merovingyske]] lêzers). Boppedat foege Gregoarius oar materiaal ta.