Modern heidendom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L (GR) File renamed: File:Slavic neopaganism.jpgFile:Slavic Rodnover ritual in Russia, c. 2000.jpg Criterion 4 (harmonizing names of file set) · The current title is too generic.
Rigel 14:
 
De leauwensoertsjûgings en leauwenspraktiken fan 'e ûnderskate modern heidenske streamings ferskille withoefolle faninoar, mar dochs binne der guon dingen dy't se allegear gemien hawwe. Foar in grut part binne dat dingen dy't ûntbrekke. Sa besteane der gjin hillige teksten yn dizze religyen, lykas de [[Bibel]] foar it [[kristendom]], de [[Koraan]] foar de [[islaam]] en de ''[[Bhagavad Gita]]'' foar it [[hindoeïsme]]. Likemin hawwe se religieuze learstikken of [[dogma|dogma's]], of in hierargysk opboude [[geastlikheid]] om sokke dogma's fan boppe-ôf oan 'e leauwenden op te lizzen. De oanhingers hâlde har mar komselden dwaande mei [[teology]], en men is yn prisipe frij om te leauwen sa't en hoe't men mar wol. [[Sinding]] of [[missy (religy)|missy]], it aktyf útdragen fan it eigen leauwe, wurdt troch heidens net of frijwol net oan dien.
[[File:Slavic neopaganismRodnover ritual in Russia, c. 2000.jpg|right|thumb|250px|In [[modern Slavysk heidendom|Slavysk heidensk]] ritueel yn it hjoeddeistige [[Ruslân]].]]
 
Frijwol alle religyen fan it modern heidendom omfetsje in foarm fan [[polyteïsme]], it leauwen yn mear as ien [[god]]. De rekonstruksjonistyske religyen gripe dêrby yn 'e regel werom op it oarspronklike [[panteön]] fan ien beskate [[etnyske groep]]. De synkretistyske en eklektyske groepen kenne faak in beheindere foarm fan 'e goadewrâld. Sa hat it [[adonisme]] in panteön fan fiif goaden mei [[Adonis]] as fierwei de wichtichste fan it kwintet, wylst de [[wikka]] in [[duoteïsme|duoteïstyske]] godstsjinst is, dy't de minsklike seksuële polariteit weromfynt yn 'e [[Trijefâldige Goadinne]] en de [[Hoarne God]]. Dêrby bestride dy beide [[archetype]]s inoar net, mar folje se inoar krekt oan, allyk it âlde [[Sineesk universalisme|Sineeske]] prinsipe fan [[jin en jang]]. Yn 'e [[goadinnebeweging]] wurdt mar ien godheid fereare (de [[Ierdmem]]), al wurdt dêrmei it bestean fan oare goaden net ûntstriden, en kin dus net sprutsen wurde fan [[monoteïsme]]. Krektoarsom, in protte moderne heidens leauwe dat polyteïsme in essinsjeel ûnderdiel fan harren religy is, wêrfan't de bredere ynfiering de Westerske maatskippij as gehiel witwat goed dwaan soe, mei't se it dominante monoteïsme as bekrompen en ynherint ûnderdrukkend beskôgje.