Abraham Bloemaert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 6:
Abraham Bloemaert waard earst oplaat troch syn heit Cornelis Bloemaert, in byldhouwer en arsjitekt. Yn Utert waard Abraham letter learling fan de dekoraasjeskilder Gerrit Splinter en fan [[Joos de Beer]]. At wy [[Carel van Mander]] leauwe meie hat er dêr net folle fan opstutsen.
 
Fan [[1581]] oant ± [[1585]] ferbleau er yn [[Parys]] as learling fan in sekerebeskate Jean Bassot en fan [[Hiëronymus Francken]]. Rillegau gie er lykwols werom nei Utert dêr't er it grutste part fan syn libben wenjen bleau. Yn [[1592]] wenne er yn Amsterdam en boaske dêr mei de Utertske Judith van Schonenburch, dy't yn [[1599]] sûnder bern stoar.
 
Yn [[1593]] waard Bloemaert yn Utert beneamd ta [[deken (gilde)|deken]] fan it ''zadelaarsgilde''. Hy wertroude yn [[1600]] mei Gerarda de Roij, dý't him minstens acht bern joech. Yn [[1611]] wie er meioprjochtermei-oprjochter fan it [[Sint-Lucasgilde|skildersgilde Sint-Lucas]], dêr't er yn [[1618]] deken fan wie. Mei [[Paulus Moreelse]] begûn er yn [[1612]] in tekenakademy.
 
Bloemaert gie it foar de wyn, want yn [[1617]] kocht er in grut hûs oan it Mariatsjerkhôf, it sintrum fan de katolike mienskip yn Utert. Yn tsjinstelling ta de protestanskeprotestantske Moreelse, soe er nea in rol spylje yn de Utertske polityk. Wol krige er fanwege syn katolike oertsjûging ferskate opdrachten út de súdlike Nederlannen.
 
Bloemaert hie goede kontakten yn it yntellektuele fermidden. De Utertse âldhedenkenner [[Aernout van Buchel]] wie er befreone mei. Bloemaerts studio waard yn [[1626]] besocht troch [[Elizabeth Stuart]], de eardere keninginne fan [[Bohemen]], en it takomoare jier troch [[Peter Paul Rubens|Rubens]].
 
Bloemaert moat in bejeftige learaar west hawwe, want syn fjouwer soannen (wêr't [[Adriaen Bloemaert]] ûnder wie) waarden skilder, en hy hat noch in grut tal oaren oplaat. Om't in protte fan syn pupillen ferneamd wurden binne, wurdt Bloemaert wol de heit fan de 17e-iuwske [[Utertske Skoalle (skilderkeunst)|Utertske skilderskoalle]] neamd. Bloemaert leit begroeven yn de [[Katarijnetsjerke (Utert)|Katarijnestjerke]] yn Utert.
Rigel 18:
 
== Wurk ==
Fan Bloemaert binne sa'n 200 skilderijen bekend, mar ek ± 1000 tekeningen en 600 gravueres. Hy skilderdeskildere foaral [[lânskip]]pen, mytologyske en bibelskeBibelske tafrelen, mar ek [[pastoraal|pastorale]] [[sjenrestik]]ken, yn heldreheldere kleuren en syn figueren binne rojaalroyaal en sierlik.
 
Yn't earstoan skildere er foaral yn in maniëristyske styl, besibbe oan dy fan [[Cornelis van Haarlem]] en [[Joachim Wtewael]]. Syn lânskippen wiene lykwols altyd mear op de Flaamske tradysje inte. Fan [[1600]] ôf komt der in myld klassisisme yn it wurk, te fergelykjen mei dat fan [[Hendrick Goltzius]] yn Haarlim. Fia syn learlingen dy't yn Itaalje west hiene krige er kennis fan it [[clair-obscur]] fan [[Caravaggio (skilder)|Caravaggio]]. Nei in koarte caravaggistyske perioade yn de iere jierren [[1620]] waard syn styl glêder en lykmjittiger, sadat syn letter wurk rekkene wurdt ta it [[klassisisme]], al wist er syn swierich penseelpinsiel nea hielendal del te bêdzjen.
 
Bloemaerts wurk rekke rûnom ferspraat, en syn tekeningen tsjinnen oant yn de 19e iuw as stúdzjemateriaal.