Klean: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lebel: Weromsetting
Lotje (oerlis | bydragen)
+ sok
Rigel 6:
 
==Funksjes==
De haadfunksje fan klean is tige foar de hân lizzend: nammentlik om 'e drager te beskermjen tsjin kjeld. Klean binne ek bedoeld om it komfôr fan 'e drager yn 'e bredere sin te ferbetterjen, net inkeld troch isolaasje tsjin kjeld, mar ek just tsjin hjittens, [[sinnebrân]] en [[wyn (waar)|wyn]]. Sadwaande is it sawol yn kâlde as yn waarme [[klimaat|klimaten]] faak wenst om [[kopdeksel]]s te dragen, lykas in [[mûtse]] (kâld klimaat) of in [[tulbân]] (waarm klimaat). Yn kâlde klimaten wurde fierders faak ek noch oare klaaiïngsstikken tafoege, lykas in [[Sok (klean)|sok]], [[jas]], [[wanten]], [[sjaal]] en [[earwaarmers]]. Sokke klean wurdt dan allinnich bûtendoar droegen en útdien as men yn 'e hûs komt.
 
Minder wichtige funksjes fan klean hawwe faak te krijen mei maatskippij en kultuer. Dêrby moat men tinke oan yndividuële, beropsmjittige en seksuële ferskillen of oanpassings. Yn in protte maatskippijen galmje klean de sosjale noarmen nei dy't jilde op it mêd fan [[kekenens]] (''preutsheid''), [[godstsjinst]] en sosjale status. Yn in protte maatskippijen binne klean faak ek in útdrukking fan persoanlike smaak (of wansmaak) en styl. De kleanyndustry hat dêrop ynspile mei it ferskynsel [[moade]], dêr't men jier oan jier in oare spesifike styl fan klean mei besiket te popularisearjen, sadat de minsken trochgeane mei nije klean oan te skaffen, hoewol't se al mear as genôch hawwe om oan 'e basisnedichheden (isolaasje tsjin 'e eleminten en de sosjale easken ta bedekking fan it lichem) te foldwaan.