Kavalery: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 3:
 
==Skiednis==
De kavalery bestiet al hast salang't de [[minske]] [[oarloch]] fierd hat. Hjirby gie it yn it ferline útslutend om troepen [[hynder|te pearde]]; soldaten dy't op oare bisten rieden, lykas [[kamiel]]en of [[oaljefant]]en, waarden ornaris net oantsjut as 'kavalery'. De kavalery ûnderskiedt him fierders fan 'e beide oare tradysjoneletradisjonele ûnderdielen fan 'e lânmacht, te witten de [[artillery]] (it swiere geskut) en de [[ynfantery]] (it fuotfolk). Ynfanteristen dy't har op hynders ferpleatsten om mobiler te wêzen, mar ôfstigen om te fjochtsjen, waarden yn 'e [[17e iuw|santjinde]] en iere [[achttjinde iuw]] [[dragonder]]s neamd, mar letter ûntjoech him in aparte klasse fan [[beriden ynfantery]], wylst dragonders ta wiere kavaleristen waarden.
 
Fan 'e ierste tiden ôf hie de kavalery it foardiel fan mobiliteit boppe de gewoane ynfantery. Boppedat hie immen dy't fan 'e rêch fan in hynder ôf focht it foardiel fan hichte boppe ien dy't op 'e grûn stie. En dêropta waarden [[striidhynder]]s faak treend om 'e fijân fan 'e berider te skoppen en te biten. In neidiel wie lykwols dat de kavalery yn 'e regel lichter bewapene wie as de ynfantery. Mei lju dy't net treend wiene om it tsjin hynstefolk op te nimmen of formaasjes dy't útinoarfallen wiene, makke de kavalery sadwaande ornaris koarte metten, mar in wisberette kloft ynfanteristen dy't in oaniensletten formaasje behold en oer wapens beskikte (lykas [[spear]]en of [[gewear]]en) wêrmei't men de kavaleristen fan in ôfstân te liif koe, koe him de kavalery oer it algemien goed fan it liif hâlde. Om't de beide ûnderdielen ferskillende funksjes ferfollen, beskikten frijwol alle legers oer sawol kavalery as ynfantery.