Western (sjenre): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 5:
 
==Tematyk==
De western skilderet in maatskippij ôf dy't organisearre is om beskate earekoades hinne, wêrby't de mei geweld útfochten en besljochte fete, en persoanlik, direkt en eigen gerjocht troch geweld in grutte rol spylje. Sawol de tradysjoneletradisjonele westernroman as de westernfilm draaie ornaris om it libben fan in semy-[[nomade|nomadyske]] swalker, gauris mei in twifelich ferline of in persoanlikheid dy't skeind is troch in jeugdtrauma of oarlochsûnderfinings. Hy is yn 'e regel in ''cowboy'' of in revolverman (''gunslinger'') dy't sels it kontakt mei de minsklike maatskippij fierhinne ôfwiisd of ferlern is, en de western set útein as er as frjemdling in foar him ûnbekend stedsje binnenriidt dêr't fan alles mis is of dêr't banditen of in korrupte feeboer (''rancher'') de gewoane minsken terrorisearje. Om redens dy't útienrinne kinne fan syn rjochtsgefoel, klearebare ferfeling of tsjin wil en tank, lost de frjemdling de swierrichheden op troch mei geweld mei de smjunt en dy syn trewanten ôf te weven, gauris yn in revolverduël ûnder de middeissinne op 'e haadstrjitte fan it stedsje. Hoewol't er dêrnei faak troch de ferromme ynwenners frege wurdt om ''sheriff'' te wurden, einiget de western as er it stedsje efterlit en de ûndergeande sinne temjitte riidt. Dizze tradysjoneletradisjonele westernheld, de ienlike frjemdling, wurdt wol beskôge as de literêre erfgenamt fan 'e doalende [[ridder]] út 'e [[Midsiuwen|Midsiuwske]] [[Jeropa|Jeropeeske]] [[roman]]s, en is ek besibbe oan 'e ''[[ronin]]'', de masterleaze [[samûrai]] út 'e [[Japan]]ske kultuer.
 
[[File:Gary Cooper 2.jpg|thumb|left|250px|[[Gary Cooper]] yn ''Vera Cruz'' ([[1954]]).]]
Rigel 41:
 
[[File:Clint Eastwood - 1960s.JPG|thumb|left|200px|[[Clint Eastwood]] yn ''A Fistful of Dollars'' ([[1964]]).]]
Yn 'e heechtijdagen fan 'e western, dy't duorren fan [[1939]] oant it begjin fan 'e jierren santich, waarden in protte films makke dy't foldiene oan it tradysjoneletradisjonele westernkonsept fan 'e ienlike frjemdling dy't yn in ûnlijich stedsje regaad makket. Klassikers as ''[[The Magnificent Seven]]'' ([[1960]]), ''[[A Fistful of Dollars]]'' ([[1964]]) en ''[[Pale Rider]]'' ([[1985]]), en teffens nijere films, lykas ''[[Unforgiven (film út 1992)|Unforgiven]]'' ([[1992]]) en ''[[Open Range (film)|Open Range]]'' ([[2003]]), hâlde fierhinne dat stramyn oan. Ek it ikoanyske ''[[Once Upon a Time in the West]]'' ([[1968]]), it [[magnum opus]] fan 'e [[Itaalje|Italjaanske]] regisseur [[Sergio Leone]], besit sokke tradysjoneletradisjonele eleminten, al komme dêr ek oare tema's oan bod, lykas de opmars fan it spoar en hoe't de modernisaasje it Westen feroaret. Oare films litte sjen hoe't ienlike wetstsjinners it gauris tsjin wil en tank opnimme tsjin banditen of tirannike ''ranchers'', lykas yn ''[[High Noon (film út 1952)|High Noon]]'' ([[1952]]) en ''[[Rio Bravo (film)|Rio Bravo]]'' ([[1959]]). Wer oaren portrettearje ferneamde banditen, lykas ''[[Butch Cassidy and the Sundance Kid]]'' ([[1969]]), ''[[The Wild Bunch (film)|The Wild Bunch]]'' ([[1969]]) en ''[[Young Guns (film)|Young Guns]]'' (oer Billy the Kid, [[1988]]); of ferneamde wetstsjinners, lykas ''[[Gunfight at the O.K. Corral (film)|Gunfight at the O.K. Corral]]'' ([[1957]]) en ''[[Tombstone (film)|Tombstone]]'' ([[1993]]), dy't beide oer Wyatt Earp geane. Gauris giet it ferhaal ek oer in lange syktocht of jacht en de swierrichheden dy't dêrby ûnderweis oerwûn wurde moatte, lykas yn ''[[The Good, the Bad and the Ugly]]'' ([[1966]]), oer trije revolvermannen dy't elk op harsels nei in [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Konfederearre]] goudskat sykje, of ''[[For a Few Dollars More]]'' ([[1965]]), oer twa preemjejagers dy't in bandyt besykje te fangen. Wer in oare klassiker, ''[[Red River (film út 1948)|Red River]]'' ([[1948]]), lit de grutte ''cattle drive'' (it opdriuwen fan it fee) fan [[Teksas]] nei [[Kansas]] sjen.
 
 
Rigel 62:
:De al neamde ''osterns'' of "reade westerns" wiene de films dy't ûnder de [[Kâlde Oarloch]] efter it [[Izeren Gerdyn|Izerne Gerdyn]] produsearre waarden, fral yn 'e [[DDR]] en [[Tsjechoslowakije]], en wêryn't de Yndianen as de helden portrettearre waarden en de blanken as smjunten, wylst dy rolferdieling yn kontemporêne Amerikaanske westerns krekt oarsom wie.
* revisjonistyske western
:Revisjonistyske westerns is de oantsjutting foar de films dy't foar it meastepart fan 'e ein fan 'e jierren sechstich ôf makke waarden troch (Amerikaanske) filmmakkers dy't fraachtekens begûnen te pleatsen by de tradysjoneletradisjonele eleminten fan 'e western. Dit subsjenre wurdt karakterisearre troch in positive (of positivere) portrettearring fan 'e Yndianen, lykas yn ''[[Little Big Man (film)|Little Big Man]]'', ''[[The Outlaw Josey Wales]]'' en ''[[Dances with Wolves]]''. Ek hearre ta dit subsjenre dy films wêryn't froulju in aktivere rol taparte krije, lykas ''[[Westward the Women]]'', út [[1951]].
* [[spagettywestern]]
:De spagettywestern (of Italo-western of zapatawestern) is it subsjenre fan westerns dy't yn 'e jierren sechstich en santich makke waarden troch Italjaanske regisseurs, fan wa't [[Sergio Leone]] fierwei it bekendst wie. De wichtichste fertsjintwurdigers fan dit subsjenre binne ''[[Once Upon a Time in the West]]'', ''[[The Good, the Bad and the Ugly]]'' en ''[[A Fistful of Dollars]]''. Spagettywesterns, dêr't [[Clint Eastwood]], [[Lee Van Cleef]] en [[Charles Bronson]] wrâldferneamd mei waarden, wurde karakterisearre troch mear aksje en geweld as dat yn Amerikaanske westerns foarkomt, en dêrnjonken hawwe de haadpersoanen oer it algemien egoïstysker motiven as de helden yn Amerikaanske films.
Rigel 110:
 
==Oar==
Der bestiet ek in foarm fan [[byldzjende keunst]] dy't referearret oan it Wylde Westen, en dy't soms oantsjut wurdt as ''western art''. Ta dit sjenre keunst hearre skilderijen en byldhouwurken, en soms wurde de produkten fan tradysjoneletradisjonele Yndiaanske ambachten der ek ta rekkene. Wat de skilderkeunst oanbelanget moatte beslist [[skilder]]s as [[C.M. Russell]], [[Frederic Remington]] en [[Thomas Hill]] neamd wurde. Fierders is it westernsjenre adaptearre ta in ferskaat fan media, lykas [[kompjûterspultsje|kompjûter-]] en [[fideospultsje]]s, [[anime]], ''[[role-playing game]]s'', [[harkspul]]len op 'e radio en [[toaniel]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=