Heamieldagen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
oanf
Rigel 1:
{{Ynfoboks evenemint
De '''Heamieldagen''' binne in [[Boalsert (stêd)|Boalserter]] feest. Fan oarsprong is it in [[heamiel]], mar it is no festival fan fjouwer dagen.
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| namme = Heamieldagen
| lân = [[File:Flag of the Netherlands.svg|border|20px]] [[Nederlân]]
| bestjoerlike ienheid1 = provinsje
| namme bestjoerlike ienheid1 = [[File:Frisian flag.svg|border|20px]] [[Fryslân]]
| bestjoerlike ienheid2 = gemeente
| namme bestjoerlike ienheid2 = [[File:Flagge fan Súdwest-Fryslân.png|border|20px]] [[Súdwest-Fryslân]]
| plak = [[File:Bolsward flag.svg|border|20px]] [[Boalsert (stêd)|Boalsert]]
| holden yn = [[binnenstêd]]
| datum =
| tiid fan it jier = ein [[juny]]
| oare namme =
| ôfkoarting =
| oanlieding = oarspr. ein fan 'e [[ûngetiid]]
| gelegenheid =
| soarte evenemint = [[festival]]
| sjenre =
| bestean = [[1950]] – no
| oprjochter =
| organisearre troch = [[Stifting Heamiel Komitee Boalsert|Stifting Heamiel Komitee<br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;Boalsert]]
| webside = [https://www.heamiel.nl/ www.heamiel.nl]
}}
De '''Heamieldagen''' binne it [[doarpsfeest|stedsfestival]] fan 'e [[Fryslân|Fryske]] [[stêd]] [[Boalsert (stêd)|Boalsert]]. It wurdt elts [[jier]] oan 'e ein fan [[juny]] holden en duorret tsjintwurdich fjouwer [[dagen]]. It meast opfallende aspekt is de ferkiezing fan in [[heakeninginne]] foarôfgeande oan it [[evenemint]], oan wa't de [[seremoanje|seremoniële]] lieding oer it hiele barren opdroegen wurdt. Fan oarsprong wiene de Heamieldagen in [[agrarysk]] [[feest]]: it giet nammentlik werom op it [[heamiel]], dat de ein fan 'e [[ûngetiid]] markearre, as de [[boer]]en it [[hea]] ynhelle hiene. Hjoed oan 'e dei docht net in protte mear tinken oan dat [[ferline]], en binne de Heamieldagen benammen in feest foar de ynwenners fan 'e stêd en in manear foar de Boalserter [[middenstân]] om him te profilearjen.
 
==Skiednis==
It festival begjint [[woansdei]]s mei de yntocht fan de [[heakeninginne]] (sûnt [[1952]]), mei in optocht, dan op [[tongersdei]] de jiermerk, it konsert ''Night of de Heamiel'' op [[freed]] en dan as lêste it strjitfestival op [[sneon]]. It miel op tongersdei - rys mei rezyntsjes; broadsjes en [[sûkerbôle]]; kofje en brandewyn - jildt hieltiid noch as ien fan de hichtepunten fan it feest.
Foarhinne wie it sa dat de [[ûngetiid]], de perioade wêryn't it [[hea]] makke en ynhelle wurde moast, de drokste tiid wie yn 'e [[feehâlderij]]sektor. Nei't dat wurk ein [[juny]] berêden wie, waard dat sadwaande fierd mei in mienskiplik [[miel (iten)|miel]] fan 'e [[boer]]en sels en harren [[boere-arbeider|arbeiders]] en de spesjaal foar de ûngetiid oanlutsen [[hantsjemier]]en. Dat miel hiet it [[heamiel]], en bestie [[tradysje|tradisjoneel]] út [[rys]] mei [[rezyn|rezinen]] en [[boerejonges]] mei [[brandewyn]].
 
Yn Boalsert waard it heamiel troch sawol de boeren en arbeiders út 'e omkriten, as troch de [[stedsjer]]s genoaten troch mei-inoar oan te sitten oan lange [[tafel]]s dy't yn 'e [[iepen loft]] yn 'e [[binnenstêd]] op 'e [[strjitte]] opsteld wiene. Sadwaande ûntjoech it Boalserter heamiel him ta in feest fan ferieniging tusken de bewenners fan stêd en [[plattelân]] en tusken [[rykdom|ryk]] en [[earmoede|earm]] en tusken [[jongerein|jong]] en [[âlderdom|âld]]. Wylst op oare plakken it heamiel as tradysje útstoar, bleau it yn Boalsert yn libben. De belangstelling wie gauris sa grut dat men by toerbeurten oansitte en ite moast. Hoewol't it feest dus eins al folle langer bestiet, waard it yn [[1950]] foar it earst yn 'e [[krante]]n oantsjut as 'de Heamieldagen'. Yn [[1952]] waard der foar de earste kear in [[heakeninginne]] oanwiisd.
{{Boarnen|boarnefernijing=
 
* [http://www.heamiel.nl/ Website Heamieldagen]
==Hjoeddeistich ferrin==
Foarôfgeande oan 'e Heamieldagen wurde der in [[heakeninginne]] en twa [[hofdame]]s oanwiisd. Dat binne jonge [[froulju]] fan tusken de 18 en 25 jier âld, dy't út [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] sels komme of út in [[doarp]] yn 'e direkte omkriten, lykas [[Hichtum]], [[Burchwert]], [[Hartwert]], [[Wolsum]], [[Tsjerkwert]], [[Eksmoarre]], [[Longerhou]] of [[Skettens]].
 
De Heamieldagen wurde op [[woansdei]] iepene as de heakeninginne en har hofdames, moai [[make-up|opmakke]] en [[hierknippen|kapt]] en klaaid yn lange [[galajurk]]en, op in [[haaiwein]] de stêd ynriden wurde, dêr't se ynhelle wurde troch de [[entûsjasme|entûsjaste]] [[befolking]]. Under belangstelling fan it omsteand laach wurde hja dêrnei op it [[bordes]] fan it [[Stedhûs fan Boalsert]] [[wolkom]] hjitten troch de [[boargemaster]] (foarhinne fan [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], no fan [[Súdwest-Fryslân]]). Nei de yntocht en it wolkom folget der in [[optocht]] mei [[prealwein]]en troch de stêd.
 
Op [[tongersdei]] wurdt in [[merk (hannelsgearkomste)|jiermerk]] holden, op [[freed]] it [[konsert]] [[Night of the Heamiel]] en op [[sneon]] it [[Bolstjurrich Strjitfestival]]. Oare fêste ûnderdielen fan 'e Heamieldagen binne it [[Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert]] en fansels it tradisjonele [[heamiel]] sels. Der wurdt noch altyd rys mei rezinen optsjinne, mar tsjintwurdich ek oare Fryske lekkernijen, lykas [[sûkerbôle]]. It festival wurdt op sneontejûn ôfsletten mei in spektakulêre [[fjoerwurkshow]].
 
==Organisaasje==
De organisaasje fan 'e Heamieldagen is yn 'e hannen fan 'e [[Stifting Heamiel Komitee Boalsert]] ([[Nederlânsk]] en offisjeel: ''Stichting Heamiel Comité Bolsward''). Dat is in [[stifting]] mei in [[bestjoer]] dat út tolve leden bestiet, elts mei in termyn fan fiif jier. It Heamiel Komitee is û.m. ferantwurdlik foar it opstellen fan it [[programma]] fan 'e Heamieldagen; it beävensearjen fan gearwurking mei oare [[organisaasje]]s; it sykjen fan [[sponsor]]s; it kiezen fan 'e heakeninginne en har hofdames; it ûnderhâlden fan kontakten mei de [[parse]] en it fersoargjen fan [[public relations]] yn it algemien; it regeljen fan 'e [[fergunning]]s dêr't ferlet fan is; en it opsetten fan fasilitêre stipe ([[frijwilliger]]s dy't alles yn goede banen liede, mar ek gearwurking mei de [[plysje]] en [[brânwacht]], en de oanwêzigens fan [[genêskunde|medyske help]]).
 
==Keppelings om utens==
* {{nl}}[httphttps://www.heamiel.nl/ WebsiteOffisjele webside fan 'e Heamieldagen]
 
{{Boarnenboarnen|boarnefernijing=
*[https://www.heamiel.nl/over-het-heamiel/historie/ Ynformaasje oer de skiednis fan 'e Heamieldagen.]
*[https://www.heamiel.nl/over-het-heamiel/comite/ Ynformaasje oer de organisaasje efter de Heamieldagen.]
}}
 
[[Kategory:Evenemint yn Boalsert]]
[[Kategory:Festival yn Fryslân]]
[[Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 19521950]]