Anke Bijlsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L [[]]
Rigel 3:
Se wie ûnderwizeresse mar joech ek aerobics en dûns. Sûnt 2002 spilet se yn ferskate foarstellings. ''Moortje'', in oersetting en bewurking fan [[Bredero]] syn ''Moortje''. Fierders spile se yn ''Lier fan 't Tricht'', skreaun troch [[Gerrit Breteler]].
Doe't [[Tryater]] har 40-jierrich jublieum hie, waard it 'It Dreamlabfûns' oprjochte. Dat fûns wol benammen jonge akteurs en teatermakkers om Tryater hinne in kâns jaan. Sa spile Anke tegearre mei [[Marijke Geertsma]] yn it stik ''Oer Him''.
 
Mei Gerrit Haaksma spile se yn ''Katarsis'', in kroechteaterstik wat mear as 170 foarstelings yn Fryslân hân hat. Se regisearre de beide ienakters ''Katarsis II'' - ''De Bedimmer'' dy't troch Gerrit Breteler skreaun binne. Fan him regisearre se ek it teatrale requiem ''Oer de seedyk'', in oade oan de bewenners fan it fiskersdoarp Paesens[[Peazens]]-[[Moddergat]] nei oanlieding fan de Ramp.<br>
 
Anke Bijlsma is foarsitter fan teatergroep 'Achmea Culpa'.
Fanút it bedriuw 'Grut Winia' dat se tegearre mei Gerrit Breteler hat, ûntwikkelet se alle keunstuterings omtrint skilderijen, teater en dûns.<br>