Hollywood Walk of Fame: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
trotwaar en antinne litte har net yn 'e wurdboeken fine
L red
Rigel 5:
|-
|}
De '''Hollywood Walk of Fame''' ([[Ingelsk]] foar it "Hollywoodske Trottoir fan Ferneamdheid") is in rûte yn 'e [[Los Angeles|Los Anzjelynske]] wyk [[Hollywood]], yn súdlik [[Kalifornje]], dêr't [[stjer (heraldyk)|stjerren]] yn it [[trotwaar|trottoir]] ynlein binne. Dizze rûte fiert fan east nei west by 15 [[stedsblok]]ken fan 'e [[strjitte]] [[Hollywood Boulevard]] lâns, oer in ôfstân fan 2,1 km fan 'e krusing mei [[Gower Street]] oant dy mei [[La Brea Avenue]]. Dêropta is der in koart stikje op [[Marshfield Way]], dat diagonaal rint tusken Hollywood Boulevard en La Brea Avenue, en in diel fan 700 m lingte fan noard nei súd by 3 stedsblokken lâns op [[Vine Street]], tusken de krusing mei [[Yucca Street]] en dy mei [[Sunset Boulevard]].
 
De stjerren, wêrfan't der op [[6 jannewaris]] [[2016]] persiis 2.570 wiene, foarmje permaninte publike oantinkens oan ferneamde persoanen en groepen út 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] en de ynternasjonale [[entertainment]]yndustry, en drage de nammen fan [[akteur]]s, [[sjonger]]s, [[muzikant]]en, [[presintator]]s, [[regisseur]]s, [[film]]- en [[muzyk]]produsinten, [[komyk|komiken]], [[band]]s, [[teäter]]selskippen, fiktive personaazjes en oaren.
 
De fiifpuntige [[stjer (heraldyk)|stjerren]] fan 'e Hollywood Walk of Fame besteane út koraalrôze [[terrazzo (materiaal)|terrazzo]]-[[stien]] mei rânen fan [[gielkoper]] (messing), en binne mei tuskenromten fan 1.80 m ynlein yn in eftergrûn fan dûnkergrize terrazzo-stien. Boppe-yn 'e stjerren stiet de [[namme]] fan dejinge dy't mei de oangeande stjer eare wurdt yn gielkoperenegielkoperne [[blokletter]]s; dêrûnder jout in rûn gielkoperen embleem oan ta hokker kategory oft dy persoan of groep heart. Der binne fiif kategoryen:
 
::[[File:Walk of Fame Category Motion Pictures.jpg|40px]] '''''klassike filmkamera''''': stiet foar de [[film]]yndustry