Verplanck Van Antwerp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 26:
 
==Libben en karriêre==
===Komôf===
Van Antwerp waard yn [[1807]] yn in fan oarsprong [[Nederlanners|Nederlânske]] [[famylje (besibskip)|famylje]] [[berne]] yn [[Albany (New York)|Albany]], de [[haadstêd]] fan 'e [[Amerikaanske steat]] [[New York (steat)|New York]]. Yn 'e [[1830]]-er en [[1840]]-er jierren [[wurk]]e er as [[ûntfanger]] foar it [[Amerikaanske Lânburo]] en as [[siktaris]] fan 'e [[Buro fan Yndiaanske Saken|kommissaris fan Yndiaanske Saken]] yn [[Keokuk (Iowa)|Keokuk]], yn 'e steat [[Iowa]]. Benammen yn dy lêste hoedanichheid wied er belutsen by it sluten fan ferskate [[ferdraggen]] mei de [[Yndianen]], wêrûnder it [[Ferdrach fan St. Peters (1837)|Ferdrach fan St. Peters]], út [[1837]], mei de [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]]-[[stamme]]n fan 'e [[Boppemarder Tsjippewa]], [[Mississippy-Tsjippewa]], [[Plonderder-Tsjippewa]] en [[Mille Lacs-Yndianen]].
Van Antwerp waard yn [[1807]] yn in fan oarsprong [[Nederlanners|Nederlânske]] [[famylje (besibskip)|famylje]] [[berne]] yn [[Albany (New York)|Albany]], de [[haadstêd]] fan 'e [[Amerikaanske steat]] [[New York (steat)|New York]].
 
===Wurk foar it Buro fan Yndiaanske Saken===
Van Antwerp waard yn [[1807]] yn in fan oarsprong [[Nederlanners|Nederlânske]] [[famylje (besibskip)|famylje]] [[berne]] yn [[Albany (New York)|Albany]], de [[haadstêd]] fan 'e [[Amerikaanske steat]] [[New York (steat)|New York]]. Yn 'e [[1830]]-er en [[1840]]-er jierren [[wurk]]e er as [[ûntfanger]] foar it [[Amerikaanske Lânburo]] en as [[siktaris]] fan 'e [[Buro fan Yndiaanske Saken|kommissaris fan Yndiaanske Saken]] yn [[Keokuk (Iowa)|Keokuk]], yn 'e steat [[Iowa]]. Benammen yn dy lêste hoedanichheid wied er belutsen by it sluten fan ferskate [[ferdraggen]] mei de [[Yndianen]], wêrûnder it [[Ferdrach fan St. Peters (1837)|Ferdrach fan St. Peters]], út [[1837]], mei de [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]]-[[stamme]]n fan 'e [[Boppemarder Tsjippewa]], [[Mississippy-Tsjippewa]], [[Plonderder-Tsjippewa]] en [[Mille Lacs-Yndianen]].
 
===Amerikaanske Boargeroarloch===
Under de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ([[1861]]-[[1865]]) tsjinne Van Antwerp fan [[1861]] oant [[1862]] as [[majoar]] en kommandant fan 'e [[sjeny (kriichsmacht)|sjeny]]troepen ûnder [[generaal-majoar]] [[James G. Blunt]]. Letter waard er oerpleatst nei it [[Leger fan de Potomac]], dat yn [[Noardlik Firginia]] tsjin 'e [[Konfederearre Steaten fan Amearika]] focht. Dêr waard er waarnimmend assistint-[[adjudant (funksje)|adjudant-generaal]] yn 'e [[stêf (organisaasje)|stêf]] fan generaal-majoar [[Winfield Scott Hancock]]. Op dy post bleau er oan 'e ein fan 'e [[oarloch]] ta aktyf, wêrby't er úteinlik opklom ta de [[militêre rang|rang]] fan [[brigadegeneraal]].
 
===Gesinslibben en ferstjerren===
Van Antwerp wie [[troud]] mei Jane Maria Yates ([[1815]]-[[1870]]), in [[dochter]] fan John Van Ness Yates, dy't ek út [[Albany (New York)|Albany]] kaam, en in [[pakesizzer]] fan 'e [[politikus]] en [[rjochter]] [[Robert Yates (politikus)|Robert Yates]]. Mei har krige er fjouwer [[bern (persoan)|bern]]: twa [[dochter]]s, Catharine ([[1831]]-[[1863]]) en Caroline ([[1843]]-[[1925]]), en twa [[soan]]nen, Yates ([[1847]]-1???) en Jesse F. ([[1850]]-1???). Van Antwerp kaam yn [[1875]] yn 'e âlderdom fan 68 jier te [[Marlboro Meadows (Marylân)|Marlboro Meadows]] yn [[Marylân]] te [[ferstjerren]].