Terherne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 24:
 
== Skiednis ==
De namme Terherne betsjut ‘op e hoeke’. Terherne is ûntstien as in einpunt fan de lânferkaveling yn de [[12e iuw]]. It doarp sels wurdt al neamd yn 1200 en ek op de kaart fan [[Jacob fan Deventer]] út 1545 wurdt Terherne neamd (Herne). Skipfeart, fiskerij en boatebou wienen de belangrykste boarnen fan ynkommen. Op it hichtepunt fan de Fryske hannnelsfearthannelsfeart op de [[Eastsee]] wie Terherne de thúshaven fan sa'n 40 oant 50 kof- en smakskippen. Letter foarme ek lânbou en benammen feehâlderij in boarne fan ynkomsten. Troch ferfeantingen en ôfslach rekke it doarp ôfsluten fan de fêste wâl en waard it in eilân.
 
Oant 1857 bleau Terherne in eilân. Doe waard in grintwei oanlein dy't oansluet op de wei nei [[Meskenwier]], [[Akkrum]] en [[Aldskou]] en waard de oerset oer de Geau (no Alde Sânsleat) ferfongen troch in brechje. Pas yn [[1908]] is der oer de [[Hearresyl]] in wei oanlein nei [[Terkaple]], dy’t wer fierder giet nei de [[De Jouwer]].