Earesburch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Eresburch to Earesburch: sjoch oerlis
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Monumenta Paderbornensia-Marsberg.jpeg|thumb|EresberchEaresberch en Marsberch om 1670 hinne]]
[[Ofbyld:Obermarsberg (Stattbergen) nach Merian 1646.jpg|thumb|skets út 1646 fan de besjitting fan de boarch ]]
De '''EresburchEaresburch''', dêr't hjoed-de-dei it gebiet fan it doarp [[Obermarsberg]] leit, yn de gemeente [[Marsberg]] yn de [[Hochsauerlandkreis]] yn [[Noardryn-Westfalen]], is de grutste en ferneamdste [[Saksen (folk)|Saksyske]] [[flechtboarch]]. De [[hichteboarch]], 390 meter boppe seenivo, lei op in [[tafelberch]], de EresberchEaresberch, tusken 130 en 150 meter boppe de rivier de [[Diemel (rivier)|Diemel]], dy't in sydrivier fan de rivier de [[Weser]] is, yn it uterste suden fan de eardere Saksyske [[goa]] [[Engern]] oan de grins mei it stam[[hartochdom Franken]].
 
==Skiednis==
Der is bewiis dat de berch yn de [[prehistoarje]] al bewenne wie. [[Keramyk]]resten fan de [[Michelsberger kultuer]] binne dêr fûn. Opgravings yn de buert fan de [[Kleaster fan Obermarsberg|Stifttsjerke]] hawwe spoaren fan greppels, wâlen en posten oantoand. De [[radiokoalstofdatearring]] tsjutte de oarsprong yn de foar-Romeinske [[Izertiid]] oan. Derrnjonken stammet it hout dat brûkt waard foar de houten posten út tusken [[420 f.Kr.|420]] en [[370 f.Kr.]].<br/>
Earder ûndersyk hat oantoand dat de berch in grinsboarch wie fan de [[Sjerusken]] en in fêsting fan haadling [[Segestes]], dy't syn dochter [[Thusnelda]] nei't it skynt finzennaam hie. Der binne lykwols gjin bewizen dêrfoar.<br/>
Om de berch waard, troch syn geunstige lizzing op de grins, faak hurd fochten oant it yn [[772]] yn de [[Saksekriich]] troch de [[Franken|Frankyske]] kening [[Karel de Grutte]] ynnaam waard. De [[Irminsul]], in [[Heidendom|heidensk]] hillich plak dy't op de berch of yn de omkriten stie, waard troch Karel de Grutte ferneatige. Yn [[779]] waard [[Sturmius]], de [[abt]] fan [[Fulda]], troch Karel as sindeling nei it gebiet stjoerd en wiisde him dat plak ta. Al yn [[784]]/[[785]] oerwintere Karel de Grutte yn EresburchEaresburch en liet der in tsjerke bouwe, nei alle gedachten op it plak dêr't earder in Saksyske tempel stien hat. [[Paus Leo III]] moat yn [[799]] op paad nei [[Paderborn]] ek yn EresburchEaresburch west hawwe. Yn [[915]] wie der in bloedige strideraasje tusken de [[Stamhartochdom Saksen|Saksyske]] [[hartoch]] [[Hindrik de Fûgelder]] en de [[East-Frânsje|Eastfrankyske]] kening [[Koenraad I fan Franken|Koenraad I]]. Ek Teodoarik I, [[biskop]] fan Paderborn hat nei alle gedachten meidien yn de striid. Ek yn 915 fersloegen ynfallende [[Hongarije|Hongaren]] in Dútsk leger by EresburchEaresburch.
 
==EresburchEaresburch as mooglik plak fan de Irminsul==
EresburchEaresburch koe in mooglik plak west hawwe dêr't de [[Irminsul]], in soarte pylder of beam dat ien fan de heidenske hillichdommen fan de Saksen wie, stie. Yn de ''[[Keninklike Frankyske Annalen]]'' út 772 stie dat de Irminsul yn EresburchEaresburch sels of yn de omkriten dêrfan stie. De ''[[Annales Petaviani]]'' neamde: ''Hy ferôvere de EresburchEaresburch en fûn it plak dat Ermensul neamd is en hy stuts dy plakken yn'e brân''. Ynearsten naam Karel de Grutte EresburchEaresburch yn en dêrnei: ''pervenit ad locum, qui dicitur Ermensul'', "hy fûn it plak dat Irminsul neamd wie". De skriuwer neamt it plak fan EresburchEaresburch ''Erisburgo'' en net ''Ermensula''. It tredde part fan de sin neamt: ''et succendit ea loca'', "hy stuts dy plakken (meartal) yn de brân". Mooglik wie dat Karel de Grutte fan EresburchEaresburch nei Irminsul ferfear. Neffens oare boarnen hold Karel de Grutte him ta by de Bullerborn, in peridike natuerlike boarne by [[Altenbeken]], foar't er de Irminsul ferôvere en ferneatige hie yn de neikommende dagen.
 
De fraach wêr't it plak fan de Irminsul wie is lykwols misliedend, om't der faaks ferskate dêrfan west hawwe.
Rigel 16:
* Gerhard Mildenberger, Fred Schwind, Jürgen Udolph: ''Eresburg. [[Reallexikon der Germanischen Altertumskunde]]'' (RGA). twadde útjefte, Haadstik 7, Walter de Gruyter, Berlyn/New York 1989, siden 475–482.
* Daniel Bérenger: ''Die eisenzeitliche Höhenbefestigung von Obermarsberg''. Yn: ''Archäologie in Ostwestfalen'' 6. Verlag für Regionalgeschichte, Bielefeld 2002, siden 29–33, ([http://www.gefao.de/bilder/publikation/aio06-PDF/AiO6_S28-32.pdf webside (pdf, 552&nbsp;kB)]).
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Line 25 ⟶ 24:
*De "u" waard hjoed "o", Bollerborn
}}
 
 
 
[[Kategory:Saksen (folk)]]