Gytsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Grutte stikken tekst oer de tsjerke ferhûze nei it haadartikel fan de tsjerke.
Rigel 40:
 
== Tsjerke ==
{{Apart|Martinustsjerke (Gytsjerk)}}
Gytsjerk hat de âldste tsjerke fan Trynwâlden, de [[Sint-Martinustsjerke (Gytsjerk)|Sint-Martinustsjerke]]. De tsjerke út it begjin fan de [[12e iuw]] is wijd oan de hillige Martinus. It romaanske gebou is oplutsen út Dútske [[dowestien]]. De súdmuorre is net orizjineel omdat der yn de [[19e iuw]] grutte finsters yn setten binne. De hege romaanske ramen binne tichtmitsele. Oant midden 19e iuw stie oan de súdkant fan de tsjerke in toer, meastentiids stiene tuorren oriïntaals. De nijboude westgevel krige yn de 19e iuw it tuorke.
De koersluting hat in rûne bôge mei reade sânstiennen muorrepylderkes. Deit meubelstsjerkemeubilêr kommekomt út de [[17e iuw]]. Doe't de preekstoel yn [[1937]] ferbaarnde is der in nijeren makke troch timmerfeint Bottema.
 
=== roubuorden ===
Oan de muorren hingje trije [[rouboerd|roubuord]]en. Benammen begoedige lju, faak fan adel, krigen destiids nei harren dea sa'n boerd at se in soad foar tsjerke dien hienen. De buorden binne oantinkens oan de bewenners fan it eardere lângoed ‘Buitenlust’ dat eartiids oan de súdkant fan Gytsjerk oan de singel lei.
It âldste boerd is dat fan Franciscus Frisius († 1744, 84 jier âld), advokaat by it Hof fan Fryslân en “Gecommiteerde Staat ten Landdage”. It middelste boerd betreft Cornelius Fransiscus Frisius, († 1762, 68 jier âld), abbekaat en âld-rekkenmaster en Ried yn de froedskip fan de stêd Ljouwert. It rjochtse boerd is fan Frederik Willem fan Meyers, “Brigadier van de Infanterie ten dienste van de Staat der Verenigde Nederlanden. Colonel en Commandant van het Lijfregiment van Sijne Hoogheyt den Heere Prinse van Oranje etc…etc. Capitein van een Compagnie Infanterie beneffens Ridder van de Generositeit. Oudt in zijn 57sten jaar. Overleden ten 22 Septembris 1742”.
 
De klok yn de toer wie fan 1809. is troch de Dútsers meinomd, yn 1948 is der in nijeren komd.
=== jûnsmielsulver ===
It jûnsmielsulver is yn [[1650]] jûn troch Sytske Sjoerda, widdo fan Tinco van Andringa. It span wenne op Sjoerda-State, in bûtenplak dêr't net folle oer bekend is. Op de beker stiet: “Sitske Mennes Siorda, wed. v.w. T. van Andringa, Grietman van Uittingeradeel heeft deze beker en drie silveren schûtelen vereerd aan de gereformeerde gemeente Christi tot Giekerk”. En dêrûnder stiet: ”Oldste kerkvoogd sinds H. van Jepema, Raed.-Ord. In den Hove van Frieslandt, haar schoonzoon”. Yn de [[20e iuw]] hat in goudsmid fan Ljouwert in twadde beker makke mei de tekst: “Deze beker is een gift van het Diacinifonds van Giekerk door bemiddeling van den Wel.Gestr. Heer Mr. C. F. G. Rinia van Nauta en deszelfs echtgenoote W. H. van Heemstra terwijl P. van Kleffens predikant, K. Bloemhof ouderling en W. F. de Vries diaken dezer gemeente waren. -1858".
 
== Mienskip ==