Loataringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 7:
 
==Midden-Frânsje==
{{Apart|Midden-Frânsje}}
[[Ofbyld:Middle Francia 843.svg|250px|thumb|Midden-Frânsje yn grien]]
Yn [[817]] makke keizer [[Loadewyk de Fromme]] plannen en ferdiel it [[Karolingyske Ryk]] tusken syn trije soannen nei syn dea. Yn 817 wie it noch net foarsjoen dat der in fjirde erfgenaam wêze soe. Yn [[823]] wie der in fjirde soan, [[Karel de Keale]] berne fan Loadeyk syn twadde frou [[Judit fan Beieren]]. Doe't Loadewyk yn [[833]] besocht en ferdiel it Ryk fannijs yn it foardiel fan Karel, kamen syn trije mearderjierrige soannen [[Lotarius I|Lotarius]], [[Pepyn I fan Akwitaanje|Pepyn]] en [[Loadewyk de Dútser|Loadewyk]] yn ferwar. In boargerkriich fan krapoan tsien jier, mei sa no en dan skommeljende alliânjes en koarte fredesperioaden deryn, bruts út. Pepyn ferstoar yn [[838]] en Loadewyk de Fromme ferstoar yn [[840]]. De trije oerbliuwende bruorren sleaten frede en ferdielen it Ryk yn [[843]] mei it [[Ferdrach fan Verdun]]. Lotarius, dy't de âldste wie, krige de keizerstitel en krige in lange stripe lân fan de [[Noardsee]] oant súdlik [[Itaalje]]. De reden fan dy ferdieling wie dat Lotarius al de kroan fan it [[Keninkryk Itaalje (Hillige Roomske Ryk)|Keninkryk Itaalje]], dat in ûnderkeninkryk ûnder Loadewyk de Fromme wie, hie. In oare reden wie dat hy as keizer fanút [[Aken]], dat de residinsje fan keizer [[Karel de Grutte]] wie, en [[Rome]], de âlde residinsje fan de [[Romeinske keizers]], regearje soe. Midden-Frânsje (Latynsk: ''Francia media'') omfieme al it gebiet tusken Aken en Rome en waard bytiden troch guon skiedkundigen de ''Lotaringyske as'' neamd.