Dinosauriërs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
KT-impact.gif ferfange troch KT-impact.jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: Fixing file extension).
Rigel 23:
 
== Ferstjerren ==
[[Ofbyld:KT-impact.gifjpg|right|thumb|In meteorytynslach jout in populêre ferklearring foar it ferstjerren fan de dinosauriërs.]]
It stiet fêst dat de dinosauriërs yn sa ynienen fuort wienen as diersoarte. Dat moat yn de oergongsrite fan it Kryt en it Tertsjêr west ha (65 oant 2 miljoen jier lyn). De teory dy't foar master opslacht is in meteorytynslach by Meksiko (de saneamde Chicxulub krater). Dêrtroch ûnstie in grutte stofwolk dy't it klimaat ferheftich feroare. De sinne skynde in jiermannich net mear omdat de sinnestrielen net troch de wolken kamen. De measte libbene skepsels binne doe troch de kjeld dearekke. It bewiis dêrfoar is in laach iridium dy't men by grûnûndersyk op de Kryt-Tetsjêrgrins fine kin. Op ierde is der net folle iridium, yn de rest fan ús sinnestelsel komt it folle mear foar. Guon fan de lytse bisten, lykas ynsekten en sûchdieren (en in part fan de fûgels) oerlibbe de ramp wol, wêrtroch sy de mooglikheid krigen om har fierder te ûntwikkeljen.