Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ 3e Ingelske Oarloch
+ oarloch mei Frankryk
Rigel 150:
 
Mei trije oerwinnings wist De Ruyter yn [[1673]] foar te kommen dat Ingelsk-Frânske float lânings of blokkade-aksjes útfiere koe. Yn 'e [[Earste Slach by Schooneveld|Earste]] en de [[Twadde Slach by Schooneveld]] makke er handich gebrûk fan 'e ûndjipten foar de Hollânske kust en it hommels omslaan fan 'e wyn, en wist sa troch masterlike maneuvers de fijannige float te ferdielen, sadat dy beide kearen yn dusoarder weromlûke moast. Dêrnei rjochte er yn [[augustus]] yn 'e [[Slach by Kijkduin]], foar de kust fan [[Teksel]], sa'n soad skea oan by de Ingelske float, dat it [[Parlemint fan Ingelân]], dat dochs al net entûsjast west hie oer in bûnsgenoatskip mei Frankryk, Karel II twong om 'e djoere oarloch te beëinigjen mei in nije [[Frede fan Westminster (1674)|Frede fan Westminster]]. Neitiid waard wol sein dat De Ruyter mei syn fanwegen kommen de Republyk fan 'e ûndergong rêden hie. Dat wie eins wat te koart troch de bocht, mei't de Frânske legers fan Loadewyk XIV in grutter gefaar foar it fuortbestean fan it lân foarmen as de Ingelske float ea wêze koe. Mar feit is dat De Ruyter in briljante kampanje fochten hie, dêr't er yn elts gefal ien fan 'e fijannen mei ta frede twongen hie.
 
====Frânske Oarloch====
De oarloch mei Frankryk soe noch ûnfermindere trochgean oant [[1678]], mar de kânsen begûnen yn 'e simmer fan [[1673]] te kearen, net inkeld troch De Ruyter syn oerwinning yn 'e [[Slach by Kijkduin]], mar ek trochdat Willem III op [[30 augustus]] de [[Quadruple Alliânsje]] wist te sluten mei [[keizer]] [[Leopold I fan it Hillige Roomske Ryk]], [[kening]] [[Karel II fan Spanje]] en [[hartoch]] [[Karel fan Loataringen]]. Dat wiene allegear foarsten dy't noch in eigen appeltsje mei Loadewyk XIV te skilen hiene. Yn [[septimber]] [[Belis fan Naarden (1673)|werovere Willem III Naarden]], en yn [[novimber]] loeken de Keulske en Múnsterske troepen har út 'e Republyk werom nei't Willem mei syn [[Rynfjildtocht (1673)|Rynfjildtocht]] harren oanfierlinen ôfsnien hie.
[[File:Netherlands Admiral M. de Ruyter 300th Anniversary of his Death Commemorative Medal.jpg|left|thumb|300px|In [[medalje]] mei de byltenis fan Michiel de Ruyter, dy't yn opdracht fan it [[regear]] fan [[Nederlân]] slein waard ta gelegenheid fan 'e 300e [[betinking]] fan 'e [[Slach by Agosta]] en de dea fan De Ruyter, yn [[1976]].]]
 
Yn [[1674]] koe de Republyk op [[19 febrewaris]] frede slute mei Ingelân, op [[22 april]] folge troch in frede mei Múnster en op [[11 maaie]] troch in frede mei Keulen. Underwilens sleaten de prinsbiskoppen fan [[Prinsbisdom Trier|Trier]] en [[Prinsbisdom Mainz|Mainz]], kening [[Kristiaan V fan Denemark]], de karfoarsten [[Karel I Loadewyk fan de Palts]] en [[Freark Willem de Grutte fan Brandenburch]] en úteinlik sels [[paus]] [[Klemens X]] foar de [[Pauslike Steat]] harren by de Quadruple Alliânsje oan. Sadwaande wie Loadewyk XIV yn 'e rin [[1674]] twongen en lûk syn Frânske legers út 'e Republyk werom, mei útsûndering fan [[Maastricht]], dat noch in hiel skoft yn Frânske hannen bleau. De oarloch op lân soe fierders benammen útfochten wurde op it grûngebiet fan 'e [[Súdlike Nederlannen|Spaanske Súdlike Nederlannen]] en yn [[Loataringen]] en it [[Rynlân]].
 
Underwilens ferpleatste de oarloch op see him fan 'e Nederlânske thúswetters nei it [[Karibysk Gebiet]] en de [[Middellânske See]]. Yn [[1674]] besocht De Ruyter de Frânske koloanje [[Martinyk]], yn 'e [[Lytse Antillen]], te oerfallen mei in float fan 48 skippen en 3.000 soldaten. Doe't er op [[20 july]] by it eilân arrivearre, rekke er lykwols yn in wynstilte fersyld, mei as gefolch dat de Frânsen him al fan fierrens oankommen seagen en rom de tiid hiene om 'e ferdigening fan Martinyk ta te rieden en fuort te sterkjen. Nei't in earste lâningsmacht fan tûzen man by [[Fort-de-France|Fort Royal]] yn koarte tiid 50% ferliezen litte, briek De Ruyter de oanfal ôf en fear sûnder wat bedijd te hawwen werom nei Jeropa.