Michiel de Ruyter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ oarloch mei Frankryk
+ neisleep
Rigel 168:
 
De Ruyter syn eskader bleau de rest fan it jier noch aktyf yn it Middellânske-Seegebiet, en kearde pas op [[16 febrewaris]] [[1677]] werom yn Amsterdam. De hiele rûte by de westkust fan Frankryk lâns liet Loadewyk XIV by wize fan earbetoan oan 'e sneuvele admiraal [[salútskot]]ten ôffjurje troch syn [[kustbatterij]]en. Kening Karel II fan Spanje ferhefte De Ruyter postúm ta [[hartoch]].
 
It hie earst de bedoeling west dat De Ruyter yn 'e [[Alde Tsjerke (Amsterdam)|Alde Tsjerke]] te Amsterdam begroeven wurde soe, dêr't earder ek al ferskate admiraals byset wiene, mar doe't bliken die dat dêr gjin romte mear wie, waard besletten om him ynstee yn 'e [[Nije Tsjerke (Amsterdam)|Nije Tsjerke]] te begraven. De [[begraffenis]] fûn op [[18 maart]] [[1677]] plak yn oanwêzichheid fan in grut tal pommeranten. Willem III en Cornelis Tromp ûntbrieken lykwols. De steedhâlder liet him fertsjintwurdigje troch syn [[siktaris]] [[Constantijn Huygens]]. De Amsterdamske [[heechlearaar]] [[Petrus Francius]] droech op 'e begraffenis in [[treurdicht]] yn it [[Latyn]] foar, dat út krapoan tûzen dichtregels bestie.
[[File:Graf_van_de_Ruyter_in_de_Nieuwe_Kerk_in_Amsterdam.jpg|left|thumb|200px|It [[grêf|prealgrêf]] fan Michiel de Ruyter yn 'e [[Nije Tsjerke (Amsterdam)|Nije Tsjerke]] yn [[Amsterdam]].]]
 
Pas yn [[1681]] waard it [[moarmer]]en [[prealgrêf]] fan De Ruyter foltôge, dat yn opdracht en op kosten fan de Steaten-Generaal ûntwurpen en makke wie troch de [[De Haach|Haachske]] [[byldhouwer]] [[Rombout Verhulst]]. Yn 'e te besichtigjen [[grêfkelder]] ûnder it prealgrêf lei De Ruyter yn in [[lead (metaal)|leadene]] [[deakiste]] dy't oan 'e boppekant foarsjoen wie fan in ramtwurk mei lytse rútsjes dy't yn it lead fette wiene. Troch dy rútsjes koene belangstellenden it balseme lichem fan 'e seeheld bewûnderje. Sawol kiste as lyk rekken op dy manear oantaaste troch focht en bleatstelling oan [[soerstof]]. Yn 'e rin 'e iuwen gie boppedat it [[glês]] fan 'e rútsjes stikken, en koe men it lichem oanreitsje, mei as gefolch dat it [[ûntbining]]sproses noch fierder oanboaze. Yn [[1881]] waard it stoflik omskot fan De Ruyter op kosten fan 'e [[Keninkryk fan de Nederlannen|Nederlânske steat]] op 'e nij kiste, en doe wie it út mei it gleskegnuven en oanreitsjen fan 'e seeheld.
 
Ferskate leden fan De Ruyter syn [[neiteam]] waarden letter ek yn 'e grêfkelder byset, de lêste, yn striid mei de doe jildende wet, dy't soks ferbea, noch op [[12 july]] [[1865]]. Yn [[1949]] waard de deakiste fan De Ruyter troch leden fan 'e famylje De Ruyter de Wildt iepene. Sawol de kiste as it lichem blieken yn tige minne steat te ferkearen, en de amputearre skonk wie sûnder dêr fierder oandacht oan te besteegjen njonken it lichem yn 'e kiste lein. De famylje besleat dat der nije kiste komme moast, en dat dy foargoed ôfsletten bliuwe moast. Guon [[sulver]]en [[lauwerkrâns]]en en [[palmtûke]]n, dy't op 'e âlde kiste lein wiene, waarden neitiid ek wer op 'e nije kiste pleatst. De by de krânsen hearrende linten hingje oan 'e wand fan 'e kelder.
[[File:Pierre-Bizot-Joachim-Oudaen-Medalische-historie-der-republyk-van-Holland_MGG_0308.tif|right|thumb|180px|It [[grêf|prealgrêf]] fan Michiel de Ruyter yn 'e [[Nije Tsjerke (Amsterdam)|Nije Tsjerke]] yn [[Amsterdam]].]]