1960-er jierren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 193:
*[[3 desimber]] - De [[Súd-Afrika|Súdafrikaanske]] [[sjirurch]] [[Christiaan Barnard]] fiert de earste [[herttransplantaasje]] by in [[minske]] út.
[[File:My Lai massacre.jpg|right|thumb|250px|Slachtoffers fan it [[Bloedbad fan Mỹ Lai]], dat yn [[1968]] troch [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[troepen]] oanrjochte waard ûnder de [[Fjetnam]]eeske [[boarger]]befolking.]]
 
;[[1968]]
*[[5 jannewaris]] - [[Alexander Dubček]] wurdt de nije lieder fan it [[kommunistysk]]e [[Tsjechoslowakije]]. Under syn lieding begjint dêr in perioade fan herfoarming dy't de [[Praachske Maityd]] komt te hjitten.
*[[30 jannewaris]] - Yn it ramt fan 'e [[Fjetnamoarloch]] begjinne [[Noard-Fjetnam]] en de [[Viet Cong]] oan it [[Tet-offinsyf]], wêrmei't se [[Súd-Fjetnam]] en de [[Feriene Steaten]] folslein oer it mad komme.
*[[31 jannewaris]] - [[Naurû]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Austraalje (lân)|Austraalje]].
*[[12 maart]] - [[Mauritsius]] wurdt ûnôfhinklik fan it [[Feriene Keninkryk]].
*[[16 maart]] - [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[troepen]] rjochtsje yn [[Súd-Fjetnam]] it [[Bloedbad fan Mỹ Lai]] oan, wêrby't tusken de 374 en 504 ûnwapene [[manlju]], [[froulju]], [[bern (persoan)|bern]] en [[poppe]]n [[fermoarde]] wurde.
*[[4 april]] - Yn [[Memphis (Tennessee)]] wurdt de [[negroïde|swarte]] [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[dûmny]] [[Martin Luther King]], it boechbyld fan 'e [[Amerikaanske Boargerrjochtebeweging]], [[moard op Martin Luther King|fermoarde troch]] [[James Earl Ray]].
*[[3 maaie]] - Begjin fan 'e [[maaieprotesten fan 1968 yn Frankryk]]. [[Studint]]en en [[arbeider]]s komme yn opstân tsjin it [[Frankryk|Frânske]] [[regear]] fan [[presidint]] [[Charles de Gaulle]].
*[[4 juny]] - Yn [[Los Angeles]] wurdt de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[politikus]] [[Robert Kennedy]] [[moard op Martin Luther King|fermoarde troch]] [[Sirhan Sirhan]].
*[[30 juny]] - Yn 'e [[Kalifornje|Kalifornyske]] [[studint]]estêd [[Berkeley (Kalifornje)|Berkeley]] wurdt nei dagen fan fûleindige gefjochten tusken de [[plysje]] en anty-oarlochsdemonstranten de [[needtastân]] ôfkundige.
*[[17 july]] - By de [[Revolúsje fan 17 July]] wurdt yn [[Irak]] [[presidint]] [[Abdûl Rachman Arif]] ôfset. De macht yn it lân komt no yn 'e hannen fan 'e [[Ba'thpartij (Irak)|Ba'thpartij]]. [[Achmed Hassan al-Bakr]] wurdt de nije [[presidint]] en [[Saddam Hoessein]] wurdt [[fise-presidint]].
*[[21 augustus]] - De [[leger]]s fan 'e [[Sovjet-Uny]], de [[DDR]], [[Hongarije]], [[Bulgarije]] en [[Poalen]] falle harren [[Warsjaupakt]]-bûnsgenoat [[Tsjechoslowakije]] binnen, en meitsje dêr mei [[geweld]] in ein oan 'e [[Praachske Maityd]].
*[[6 septimber]] - [[Swazylân]] wurdt ûnôfhinklik fan it [[Feriene Keninkryk]].
*[[2 oktober]] - Yn [[Meksiko-Stêd]] rjochtet de [[plysje]] by fûleindige gefjochten mei [[studint]]en it [[Bloedbad fan Tlatelolco]] oan, wêrby't 300 oant 500 studinten en omstanners omkomme.
*[[12 oktober]] - [[Ekwatoriaal-Guinee]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Spanje]].
[[File:Woodstock redmond stage.JPG|right|thumb|250px|It ferneamde [[Woodstock Festival]], yn [[New York (steat)|New York]], yn [[1969]].]]