1960-er jierren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 210:
*[[12 oktober]] - [[Ekwatoriaal-Guinee]] wurdt ûnôfhinklik fan [[Spanje]].
[[File:Woodstock redmond stage.JPG|right|thumb|250px|It ferneamde [[Woodstock Festival]], yn [[New York (steat)|New York]], yn [[1969]].]]
 
;[[1969]]
*[[16 jannewaris]] - Op it [[Wenseslasplein]] yn 'e [[Tsjechoslowakije|Tsjechoslowaakske]] [[haadstêd]] [[Praach]] docht de [[studint]] [[Jan Palach]] [[selsmoard]] troch himsels yn 'e [[brân]] te stekken, út protest tsjin 'e ûnderdrukking fan 'e [[Praachske Maityd]].
*[[2 maart]] - By in wapene treffen tusken de [[Sovjet-Uny]] en de [[Folksrepublyk Sina]] oan 'e grins[[rivier]] de [[Oessoery (rivier)|Oessoery]] falle sa'n 71 [[dea]]den.
*[[15 maart]] - Op 'e nij fynt der in wapene treffen plak tusken de [[Sovjet-Uny]] en de [[Folksrepublyk Sina]] oan 'e grins[[rivier]] de [[Oessoery (rivier)|Oessoery]]. Hjirby falle krapoan 100 deaden.
*[[16 maaie|16]]-[[21 maaie]] - [[Maagdenhuisbesetting|Besetting fan]] it [[Maagdenhuis]], yn [[Amsterdam]] (dat it bestjoerssintrum fan 'e [[Universiteit fan Amsterdam]] is), troch protestearjende [[studinten]].
*[[22 juny]] - De [[rivier]] de [[Cuyahoga (rivier)|Cuyahoga]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Ohio]], fljocht yn 'e [[brân]]. Dat is fier fan de earste kear, mar diskear docht it ynfloedrike [[tydskrift]] ''[[Time (tydskrift)|Time]]'' der ferslach fan, mei as gefolch dat der einlings en te'n lêsten peal en perk steld wurdt oan 'e [[miljeufersmoarging]] mei brânbere ôffalprodukten fan 'e [[gemy]]ske [[yndustry]].
*[[28 juny]] - Begjin fan 'e [[Stonewall-opskuor]] yn [[New York (stêd)|New York]], wêrby't [[homoseksuëlen]] foar it earst iepentlik yn ferset komme tsjin ferfolging troch de [[plysje]]. Dit is it begjin fan 'e [[homorjochten|homorjochtebeweging]] yn 'e [[Feriene Steaten]].
*[[21 july]] - De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[astronaut]] [[Neil Armstrong]], fan 'e [[Apollo 11]]-missy, set as earste [[minske]] foet op 'e [[moanne (byplaneet fan de Ierde)|moanne]].
*[[8 augustus|8]]-[[10 augustus]] - Yn 'e [[Feriene Steaten]] begeane folgelingen fan 'e [[geast]]lik steurde [[moardner]] en [[sekte]]lieder [[Charles Manson]] de [[Manson-moarden]], wêrby't û.m. [[aktrise]] [[Sharon Tate]], de [[swierwêzen|swiere]] [[oarehelte|frou]] fan [[regisseur]] [[Roman Polanski]], om hals brocht wurdt.
*[[15 augustus|15]]-[[18 augustus]] - It [[legindarysk]]e [[muzykfestival]] [[Woodstock Festival|Woodstock]] wurdt holden yn in [[greide]] yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[New York (steat)|New York]]. Der komme mear as 400.000 besikers op ôf.
*[[18 augustus]] - De [[orkaan]] [[Orkaan Camille|Camille]], ien fan 'e swierste orkanen ea metten, giet by de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[kust]] fan 'e [[Golf fan Meksiko]] oan lân en rjochtet dêr slimme skea oan. Der komme 259 minsken om
*[[1 septimber]] - By [[steatsgreep yn Lybje (1969)|in steatsgreep]] yn [[Lybje]] komt [[kolonel]] [[Mûammar Kadaffy]] oan 'e macht.
*[[27 novimber]] - De [[Al-Wadia-oarloch]] tusken [[Saûdy-Araabje]] en [[Súd-Jemen]] brekt út.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/1960s ''References'', op dizze side].
----
{{commonscat|1960s}}
}}
 
[[Kategory:Desennium]]
[[Kategory:20e iuw]]