Trailer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
In '''trailer''' is in foarm fan [[kommersje]]le [[reklame]] en [[promoasje (marketing)|promoasje]] foar in [[spylfilm]], [[tillefyzjeprogramma]] of [[kompjûterspultsje]], wêrby't de [[produsint]]en besykje en meitsje it [[publyk]] waarm foar harren produksje troch in kompilaasje fan bylden út 'e oangeande film of [[tillefyzjesearje]] sjen te litten. Dat giet almeast mank mei in dramatyske [[voice-over]] dy't yn it koart wat oer de film of searje ferteld. Itselde kin dien wurde mei in kompjûterspultsje. It komt tsjintwurdich ek foar dat trailers makke wurde foar [[muzykfestival]]s en oare [[evenemint]]en.
 
De [[Ingelsk]]e oantsjutting 'trailer' (letterlik: "efterneikommer", frij fertaald: "folger") komt út 'e [[bioskoop]]sektor, dêr't it oarspronklik wizânsje wie om sokke filmkes nei de haadfilm te fertoanen. Dat barde foar it earst yn [[1913]]. Dy praktyk duorre net lang, om't it bioskooppublyk yn 'e regel al ûnder de [[ôftiteling]] fan 'e haadfilm de [[filmseal]] ferlit. Dêrom lit men sokke reklame tsjintwurdich foarôfgeande oan 'e haadfilm sjen, as saneamde '''foarfilms'''. De oantsjutting 'trailer' bleau lykwols yn gebrûk.
 
Oars as 'foarfilm' kin de term 'trailer' ek brûkt wurde foar promoasjefilmkes dy't los fan in 'haadfilm' fertoand wurde, bygelyks op it [[ynternet]], yn in [[filmrubryk]] op 'e [[tillefyzje]] of gewoan as oankundiging tusken de programma's troch op 'e tillefyzje. In '''teasertrailer''' (letterlik: "pleachtrailer") is in tige koarte trailer, dy't mar in hiel lyts bytsje priisjout oer de ynhâld fan 'e film, de searje of it oare dat oanpriizge wurdt, en dy't benammen bedoeld is om it produkt meer [[nammebekendheid]] te jaan.