Ferdrach fan Meerssen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: {{Wurk}} 300px|thumb|Ferpartsjen fan it Middenryk, dat by it Ferdrach fan Ferdun foarme wie It '''Ferdrach fan Meerssen''', ree op 8 augustus...
 
No edit summary
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Empire carolingien 870.svg|300px|thumb|Ferpartsjen fan it Middenryk, dat by it Ferdrach fan Ferdun foarme wie]]
It '''Ferdrach fan Meerssen''', ree op [[8 augustus]] [[870]], wie in ferdrach oer it ferdielen fan it keninkryk fan [[Lotarius II]], [[Loataringen]], troch syn omkes [[LoadwewykLoadewyk de Dútser]] fan [[East-Frânsje]] en [[Karel de Keale]] fan [[West-Frânsje]], de twa oerlibjende soannen fan keizer [[Loadewyk de Fromme]]. It ferdrach is neamd nei it plakje [[Meerssen]] by [[Maastricht]] yn de [[Nederlân]]ske provinsje [[Limburch (Nederlân)|Limburch]].
 
==Eftergrûn==
Nei it ferstjerren fan keizer Loadewyk de Fromme yn [[840]], waard troch it [[Ferdrach fan Ferdun]] (augustus [[843]]) it [[Karolingyske Ryk]] ferparte ûnder syn trije soannen. It middenste part, [[[[Midden-Frânsje]] mei [[Fryslân (wengebiet)|Fryslân]] en [[Itaalje]] kaam ta [[Lotarius I]], dy't ek de keizerstitel hold. It wie troch syn foarm in slim te bestjoeren lân. It bestie út Fryslân fan [[Swin]] oant [[Weser]] en in part fan [[Austraasje]] begrinzge troch de rivieren [[Skelde]], [[Maas]] en [[Ryn]].
It rûn hielendal nei de [[Middellânske See]] en hie oer de gânse lingte deselde breedte as yn it noarden.<br/>.
By it [[Ferdrach fan Prüm]] yn [[855]] ferparte Lotarius syn keninkryk tusken syn trije soannen flak foar syn ferstjerren. [[Loadewyk II fan Itaalje|Loadewyk II]], de âldste soan, krige Itaalje en de keizerstitel. [[Lotarius II]] krige Fryslân, Loataringen en [[Opperboergonje]] en [[Karel fan Provence|Karel]] (845-863), de jongste, krige [[Nederboergonje]] en de [[Provence]]. Nei't Karel ferstoar gie hast syn gânse keninkryk nei Loadewyk, útsein de greefskippen Lyon, Vienne en Vivarais dy't nei Lotarius gie.
 
==It Ferdrach==
Om't aartsbiskop [[Hinkmar fan Reims]] de winske skieding dy't Lotarius II woe fan syn frou Teutberga, om't hja gjin bern krije koe, blokkearde, ferstoar Lotarius yn [[869]] sûnder wetlike opfolgers. Syn omkes, de keningen Loadewyk de Dútser fan East-Frânsje en Karel de Keale fan West-Frânsje, easken de erfskip op. Hja hiene it lok dat de iennige wetlike erfgenamt, de Roomsk-keizer Lodewyk II fan Itaalje, warber yn in slach tsjin it [[Emiraat Bari]] ferwikkele wie.<br/.>
Karel de Keale foel it gebiet dalik nei it festjerren fan Lotarius II yn. Loadewyk de Dútser die dêrop itselde, mar Karel liet himsels yn [[Metz]] ta kening kroane. Loadewyk twong him lykwols ta it partsjen fan it gebiet, allyk de gebieten dy't Lotarius II krigen hie nei it ferstjerren fan Karel fan Provence. Flakby Meerssen moeten hja inoar en sleaten it Ferdrach. It Ferdrach ferfong it Ferdrach fan Ferdun út 843, doe't it Karolingyske Ryk yn trijen ferparte waard, troch de noardlike helte fan Midden-Frânsje (fan de [[Noardsee]] neioant de delling fan de [[Rône]]) te ferpartsjen. Sa waard "Frânsje" winliken ferparte yn twaen yn twa gruttere eastlike en westlike gebieten. In grut part fan de Fryske kust wie lykwols ûnder it gesach fan de [[Wytsingen]] en foel der winliken bûten en wie allinne yn namme ferdield. De grins rûn lâns de rivieren de [[Maas]], [[Ourthe]], [[Moezel]], [[Saône]] en [[Rône]].<br/>
Yn it noarden krige Loadewyk it grutste part fan Fryslân, it part fan Austraasje dat fan Lotarius wie, mei de stêden [[Aken (stêd)|Aken]] en [[Metz]] ynbegrepen. Yn it suden krige Loadewyk it grutste part fan [[Opperboergonje]], dat fan Lotarius wie (útsein it gebiet dat oan Itaalje jûn wie). Karel krige Lotarius syn erfenis fan [[Nederboergonje]] en in lytse westlike part fan Opperboergonje. Sa hie er frij paad nei Itaalje, dêr't er ek graach de kroan oernimme woe. Loadewyk sleat de nij krigen gebieten fan Austraasje oan de eastlike Austrasyske gebieten ([[Hartochdom Franken]]) en makke it in ûnderkeninkryk foar syn soan [[Loadewyk de Jongere]]. De ûnwetlikeûnwettige soan fan Lotarius II, [[Hugo fan de Elsas|Hugo]], krige it greefskip fan de [[Elsas]].
 
==Namme==
Meerssen wie de [[Keningspalts|palts]] dêr't Loadewyk de Dútser ferbleau. Karel ferbleau yn de palts [[Herstal]] by [[Luik]]. It Ferdrach waard yn in plak sletten healwei beide plakken, wierskynlik ''Haspide'' (of ''Aspide''), dat it hjoeddeiske [[Eijsden]] oan de Maas is.
 
==Neilittenskip==
It Ferdrach hold net langer as tsien jier stân. Nei it ferstjerren fan Loadewyk de Dútser yn [[876]], foel Karel de Keale, dy't njonkelytsen ek [[kening fan Itaalje]] en Roomsk-keizer wurden wie, eastlik Loataringen yn, mar waard troch Loadewyk syn soan Loadewyk de Jongere ferslein yn de [[Slach by Andernach (876)]]. In jier letter ferstoar Karel de Keale en ûntstie der in machtstriid yn West-Frânsje. Loadewyk de Jongere foel dêrop yn [[879]] westlik Loataringen oan. Karel syn pakesizzers waarden twongen en jouw gâns Loataringen oer oan East-Frânsje, dat befêstige waard yn it [[Ferdrach fan Ribemont]] yn [[880]].
 
==Sjoch ek==
*[[Ferdrach fan Ferdun]] (843)
*[[Ferdrach fan Prüm]] (855)
*[[Ferdrach fan Ribemont]] (880)
 
 
[[Kategory:Ferdrach mei it Frankyske Ryk]]
[[Kategory:Ferdrach út 870]]