Content deleted Content added
Rigel 14:
*[[16 jannewaris|16]] - By [[Taiwaneeske ferkiezings (2016)|ferkiezings]] yn [[Taiwan]] wint de [[opposysje (polityk)|opposysjonele]] [[Demokratysk-Progressive Partij]] in mearderheid yn it [[parlemint]].
*[[28 jannewaris|28]] - De [[Wrâldsûnensorganisaasje]] (WHO) makket [[sikafirusepidemy (2016-2017)|in slimme útbraak]] fan it [[sika-firus]] yn [[Súd-Amearika]] bekend.
 
;febrewaris
*[[7 febrewaris|7]] - [[Noard-Koreä]] lansearret de [[Kwangmyŏngsŏng-4]]. Dizze test fan in lange-ôfstâns[[raket]] wurdt wrâldwiid feroardiele.
*[[12 febrewaris|12]] - [[Paus]] [[Fransiskus (paus)|Fransiskus]], it haad fan 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], en [[partriarch]] [[Kirill fan Moskou|Kirill]], it haad fan 'e [[Russysk-Otterdokse Tsjerke]], ûndertekenje de earste [[oekumene|oekumenyske ferklearring]] sûnt it [[skisma]] tusken harren [[tsjerke]]n yn [[1054]].
*[[20 febrewaris|20]] - De [[sykloan]] [[Sykloan Winston|Winston]] feroarsaket yn [[Fidzjy]] 44 [[dea]]den en rjochtet foar [[$]]1,4 miljard oan skea oan.
 
;maart
*[[19 maart|19]] - It [[ferkearsfleantúch]] [[Flydubai-flecht 981]] stoart del op 'e [[lâningsbaan]] fan 'e [[lofthaven]] fan [[Rostov-oan-de-Don]], yn [[Ruslân]]. Dêrby komme 62 [[minske]]n om.
*[[21 maart|21]] - It [[Ynternasjonaal Strafhof]] (ICC) yn [[De Haach]] feroardielet de eardere [[Demokratyske Republyk Kongo|Kongoleeske]] [[fise-presidint]] [[Jean-Pierre Bemba]] foar [[oarlochsmisdie]]den en [[misdieden tsjin 'e minsklikheid]]. Dit is de earste kear dat it ICC immen feroardielet yn ferbân mei [[seksueel geweld]] dat benammen tsjin [[froulju]] rjochte is.
*[[21 maart|21]] - De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[presidint]] [[Barack Obama]] bringt in besyk oan [[Kuba]] en is dêrmei de earste [[presidint fan 'e Feriene Steaten]] dy't dat buorlân besiket sûnt [[Calvin Coolidge]] yn [[1928]].
*[[22 maart|22]] - By [[oanslaggen yn Brussel (2016)|trije koördinearre oanslaggen]] yn 'e [[Belgje|Belgyske]] [[haadstêd]] [[Brussel]], op 'e [[Ynternasjonale Lofthaven Zaventem]] en it [[metro]]stasjon [[Maalbeek]], komme 35 [[minske]]n om (ynkl. 3 dieders) en reitsje 340 oaren [[ferwûne]].
*[[24 maart|24]] - De eardere [[Bosnyske Serven|Bosnysk-Servyske]] lieder [[Radovan Karadžić]] wurdt troch it [[Joegoslaavjetribunaal]] yn [[De Haach]] feroardiele ta 40 jier [[finzenisstraf]] foar [[oarlochsmisdie]]den en [[misdieden tsjin 'e minsklikheid]] begien ûnder de [[Bosnyske Oarloch]] fan 'e [[1990-er jierren]].
*[[27 maart|27]] - By [[bomoanslach yn Lahore (2016)|in bomoanslach]] yn 'e [[Pakistan|Pakistaanske]] [[stêd]] [[Lahore]] komme 69 [[minske]]n om en reitsje mear as 300 oaren [[ferwûne]].