Film: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+skiednis
+skiednis
Rigel 26:
Yn 'e [[tweintiger jierren]] berikte it tiidrek fan 'e [[stomme film]] syn hichtepunt mei [[akteur]]s as [[Buster Keaton]], [[Charlie Chaplin]] en [[Laurel en Hardy]]. Tsjin 'e ein fan dat [[desennium]] makke de ûntwikkeling fan [[elektroanika|elektroanyske]] [[lûdsopname]]technology it mooglik om in [[soundtrack]] fan [[spraak]], [[muzyk]] en [[lûdseffekten]], dy't syngroan rûn mei de fisuële aksje, yn in film te ynkorporearjen. Dat resultearre yn it ûntstean fan 'e earste [[lûdsfilm]]s, dy't yn 't earstoan noch ''talkies'' neamd waarden om harren te ûnderskieden fan 'e stomme films. De nije techniken soargen lykwols foar in revolúsje dy't net tsjin te kearen wie, en tsjin [[1930]] wie de stomme film yn 'e Feriene Steaten frijwol útstoarn. De rest fan 'e wrâld kaam in skoftke efteroan, mar ek dêr ferdwûn de stomme film yn 'e earste helte fan 'e [[1930-er jierren]].
[[File:Fratelli Lumiere.jpg|left|thumb|200px|De [[Bruorren Lumière]], dy't de earste film makken.]]
 
===De ynfiering fan kleur===
In oare grutte technologyske ûntwikkeling út dyselde snuorje wie de yntroduksje fan 'e [[kleurefilm]]. Earder waarden alle films opnommen yn [[swart-wyt (media)|swart-wyt]], wêrnei't guon op tiidrôvjende en djoere wize mei de hân ynkleure waarden mei techniken dy't ek nochris gjin 'natuerlike' [[kleur]]en opsmieten. De trije-stripsferzje fan [[Technicolor]] makke dat lykwols oerstallich en levere ek noch folle moaiere, natuerliker kleuren. Lykwols, hoewol't de stomme film der binnen de koartste kearen ûnder strûpt wie nei't de lûdsfilm ûntwikkele waard, duorre it ôftankjen fan swart-wytfilms yn it foardiel fan kleurefilms folle langer. De earste kleurefilms wiene in stikmannich koarte [[tekenfilm]]s út [[1932]]. Dêrnei krong kleur ek troch yn [[koarte film|koarte]] [[live-action]]films, en doe yn in pear isolearre [[sêne]]s yn guon [[langspylfilm]]s. Yn [[1935]] waard foar it earst in hiele langspylfilm yn kleur makke, ''[[Becky Sharp (film)|Becky Sharp]]'', mar ek dêrnei noch waarden oant yn 'e [[1950-er jierren]] in soad swart-wytfilms produsearre. De reden dêrfoar wie dat kleurefilms rottekrûddjoer wiene, sadat de filmmakkers der tsjinoan skytskoarren. Wat úteinlik de trochslach joech, wie dat kleurefilms yn 'e [[bioskopen]] folle mear publyk loeken as swart-wytfilms.
 
En dêr hiene de filmmakkers ferlet fan, want fan 'e iere [[1950-er jierren]] ôf belune it bioskoopbesyk sterk fanwegen de tanimmende beskikberheid fan (swart-wyt)[[tillefyzje]]. Behalven troch mear kleurefilms te leverjen, besochten filmmakkers en bioskoopútbaters it publyk ek werom te heljen troch gruttere byldskermen te ynstallearjen en films yn [[widescreen]]format, [[polarisearre 3D-projeksje]] en mei [[stereofoanysk lûd]] te meitsjen. Guon wichtige Hollywoodfilms waarden tsjin 'e midden fan 'e [[1960-er jierren]] noch yn swart-wyt makke, mar dy markearren de wiere ein fan it swart-wyttiidrek. Tsjin dy tiid wie nammentlik ek tillefyzje yn kleur te ûntfangen, en it Amerikaanske publyk wegere langer noch foar swart-wytfilms te beteljen. Dat twong alle [[filmstudio's]] om oer te gean op it meitsjen fan kleurefilms. Sûnt wurde inkeld noch films yn swart-wyt makke as dêr in sinematografyske reden foar is, lykas by [[Steven Spielberg]] syn [[oarlochsdrama]] ''[[Schindler's List]]'' it gefal is.
 
===Diversifikaasje===
Oarspronklik wiene der acht grutte filmstudio's dy't yn Hollywood de tsjinst útmakken. Dat wiene de Grutte 5: [[20th Century Fox]], [[RKO Pictures]], [[Paramount Pictures]], [[Warner Bros.]] en [[Metro-Goldwyn-Mayer]] (MGM). Dêropta wiene der de Lytse 3: [[Columbia Pictures]], [[United Artists]] en [[Universal Pictures]]. United Artists koe trouwens de titel fan 'grutte' filmstudio faak mar kwealk behâlde, en operearre yn haadsaak as stiper en [[distribúsje|distributeur]] fan films dy't troch [[ûnôfhinklike film]]produsinten makke wiene. Nei de [[1960-er jierren]] rekke dit saneamde [[studiostelsel]] yn it neigean. Mei trochdat filmtechniken minder djoer waarden, kamen der mear kânsen foar lytsere studio's en foar makkers fan [[ûnôfhinklike film]]s. Dêrtroch ûntstiene feroarings yn 'e produksje en styl fan 'e films dy't makke waarden. Boppedat ûntstiene ek bûten Hollywood grutte regionale [[filmyndustry]]en, lykas [[Bollywood]] yn [[Yndia]] en [[Nollywood]] yn [[Nigearia]]. Yn 'e [[1990-er jierren|1990-er]] en [[2000-er jierren]] waard [[kompjûter|digitale technology]] de driuwende krêft efter fierdere fernijings, lykas [[digitale 3D-projeksje]] en [[kompjûtertekenfilms]].
[[File:BolexH16.jpg|right|thumb|180px|In opwynbere [[16 mm-film|16-mm]]-[[kamera]] [[Bolex|Bolex H16]]. Dit is in [[kamera]] dy't faak brûkt wurdt troch begjinnende [[studint]]en oan in film[[oplieding]].]]