Content deleted Content added
+
+
Rigel 57:
 
De folgjende stap is it meitsjen fan in [[draaiboek]]. Yn it draaiboek is útwurke wannear't de opnamen fan hokker sênes plakfine sille. Sênes fan films wurde nammentlik net opnommen neffens harren folchoarder yn 'e film. As bygelyks sêne 1, 3 en 8 yn deselde keamer spylje, dan is it [[logistyk]] folle handiger om dy trije sênes efterinoar oan op te nimmen, op deselde opnamedei as dat mooglik is, en dêrnei fierder te gean mei bygelyks sêne 2. Soms wurdt tagelyk mei it draaiboek ek in [[storyboard]] makke. Dat is in samling nûmere [[tekening|sketsen]] en [[foto's]], dy't elts ien [[shot (sinematografy)|shot]] fertsjintwurdigje. Ofbylding 4.3 is dan it trêde shot fan sêne 4.
 
====Produksje====
De eigentlike produksje fan in film begjint op 'e earste opnamedei. Fan dat stuit ôf wurdt per shot wurke. Men nimt lytse stikjes film op en faak wurdt tagelyk it lûd ek opnommen. As alle shots filme binne, kinne de opnamen beëinige wurde. It komt lykwols foar dat de regisseur letter ta it besef komt dat er noch wat fergetten is, of dat it shooting script troch ûnfoarsjoene foarfallen (lykas it [[ferstjerren]] fan ien fan 'e akteurs ûnder de opnamen) noch feroare wurde moat. Dan kin it wêze dat de (oare) akteurs letter weromroppen wurde om noch ien of in pear ekstra shots of sênes op te nimmen.
 
====Postproduksje====
Nei de produksje folget de [[postproduksje]], dy't begjint mei de [[montaazje (film)|montaazje]] fan 'e opnommen shots. Dêrby wurde de filmbylden yn 'e juste folchoarder efterinoar plakt en wurdt oerstallich materiaal fuortknipt. De montaazje fan in film is in langduorjende proseduere, wêrby't men fan alles besiket mei it opnommen materiaal om ta de bêste ferzje fan 'e film te kommen. Yn dit stadium wurde ek de eventuële [[special effects]] tafoege. As úteinlik besletten is ta in definitive ferzje, sprekt men fan in [[picture lock]].
[[File:animhorse.gif|right|thumb|250px|In [[tekenfilm]]ke fan in [[hynder]], dat gebrûk makket fan acht tekene plaatsjes.]]
 
Dêrnei kin de [[lûdsneibewurking]] begjinne. Der wurdt in [[komponist]] ynhierd om [[filmmuzyk]] te meitsjen, dy't mei de opnommen en neibewurke [[dialooch]] en de tafoege [[lûdseffekten]] (bgl. it slaan fan in doar of it sjongen fan fûgels) gearfoege wurdt ta de saneamde [[einmiks]] yn in proses dat de [[miksaazje]] hjit. It einresultaat fan 'e lûdsneibewurking is de [[soundtrack]] fan 'e film, dy't ek wol it sound design of lûdsûntwerp neamd wurdt.
 
Ta einbeslút binne der dan noch in tal [[technyk|technyske]] bewurkings dy't oan 'e film ferrjochte wurde moatte, lykas it [[kleurkorreksje (film)|kleurkorrizjearjen]] en it meitsjen fan 'e prints. Pas dêrnei is de film ree om yn 'e bioskoop fertoand te wurden. De neamde aktiviteiten hoege net beslist yn 'e hjirboppe oanholden folchoarder dien te wurden. Ofhinklik fan 'e foarkar fan 'e regisseur kin it ek oars om en ta gean, en sa't earder al oanjûn is, hawwe low-budgetproduksjes de [[jild|finansjele middels]] net om op dizze wize te wurk te gean.