Film: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 51:
 
====Preproduksje====
De [[preproduksje]] is it stadium dat foarôfgiet oan it eigentlike opnimmen fan 'e film. Yn dat stadium wurdt bepaald hokfoar soarte film oft men meitsje wol, al besteane dêr yn 'e regel dan al beskate ideeën oer. Dy ideeën wurde yn 'e preproduksje útwurke en der wurdt in [[synopsis]] skreaun, in [[gearfetting]] fan 'e [[plot|filmplot]]. Dêrnei wurdt de synopsis útwurke ta in langere gearfetting, dy't de [[step outline]] of koartwei outline hjit. Eltse [[sêne]] fan 'e film wurdt dêryn koart beskreaun, sadat men in byld krije kin fan hoe't de film der úteinlik út komme sil te sjen. De step outline is inkeld bedoeld foar de makkers sels en komt bûtensteanders mar selden ûnder eagen.
 
Nei it opstellen fan 'e step outline wurdt de saneamde [[treatment]] skreaun, wêryn't oanjûn wurdt wat der yn alle sênes persiis yn byld brocht wurde sil. De treatment giet poer oer de fisuële kant fan 'e film; oer de op te nimmen [[dialooch]] stiet der neat yn. Underwilens wurde los fan 'e treatment de saneamde [[karakterdossier]]s opsteld, dy't eftergrûnynformaasje oer de [[personaazje]]s jouwe en dêrmei oanwizings hoe't de personaazjes har yn beskate sitewaasjes [[hâlden en dragen|hâlde en drage]] moatte. Ek wurde de dialogen (of [[monolooch|monologen]]) útwurke. Neitiid wurde treatment, karakterdossiers en dialogen gearfoege ta in [[senario]] of filmskript. Sa'n senario soe omskreaun wurde kinne as in útwurke fariant fan 'e treatment. It is gebrûklik om te begjinnen mei in kladferzje fan in senario, dy't dan troch de [[senarioskriuwer]] yn oerlis mei de regisseur en mooglik ek mei de produsint ferskate kearen byskaafd en oanskerpe wurdt, oant der in definitive ferzje ûntstiet dy't it [[shooting script]] neamd wurdt. Dêryn stiet oant yn it lytste detail beskreaun wat der barre moat en bygelyks ek hokker lûden oft der te hearren wêze sille of hokker [[gemoedstastân|sfear]] oft in beskate sêne oproppe moat. Yn it shooting script is fierders eltse sêne nûmere fan it begjin fan 'e film ôf.