Abdij fan Bobbio: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|Basilyk fan de hillige Kolumbanus De '''Abdij fan Bobbio''' (Italjaannsk: ''Abbazia di San Colombano'') wie in kleaster...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 jan 2019 om 00.34

De Abdij fan Bobbio (Italjaannsk: Abbazia di San Colombano) wie in kleaster dat yn 614 stifte waard troch de Ierske muonts en sindeling Kolumbanus. Om de abdij hinne woeks de hjoeddeiske stêd Bobbio, dy't yn de Italjaanske provinsje Piacenza yn de streek Emilia-Romagna leit. De abdij waard wijd oan de hillige Kolumbanus en stie ferneamd om syn ferset tsjin it arianisme. Yn it skriptoarium fan de abdij waard in soad hânskriften yn lytse letters (ûnderkast) skreaun. Yn 982 wiene der wol 700 hânskriften bewarre bleaun. De Abdij fan Bobbio hie ien fan de grutste biblioteken fan de Midsiuwen. De Abdij waard yn 1803 opheft doe't it ûnder Frânsk bewâld ûnder Napoleon kaam. In soad fan de gebouwen krigen oare bestimmings.

Basilyk fan de hillige Kolumbanus