Roeteensk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
kt
 
Rigel 16:
'''Roeteensk''' (русинськый язык, ''rusyns'kŷi iazŷk'') is in [[East-Slavyske talen|East-Slavyske taal]] sprutsen troch de [[Roetenen]]. Mieningen ferskille ûnder [[Taalkunde|linguïsten]] oer of it Roeteensk in aparte taal is of in dialekt fan it [[Oekraynsk]]. De politike eftergrûn fan de kwestje jout ekstra wicht oan dy diskusje.
 
Roeteensk wurdt sprutsen yn de Oekraynske regio [[Oblast Transkarpatië|Transkarpatië]], it noardeasten fan [[Slowakije]], it súddeasten fan [[Poalen]] (dêr’t it ek wol ''łemkowski'' neamd wurdt, fan it wurd ''lem/лєм'' wat "inkel", "mar" betsjut) en [[Hongarije]]. Bytiden wurdt it [[PannonyskPannoanysk]] ta it Roeteensk rekkenne, mar guon taalkundigen beskôgje Pannonysk as in West-Slavyske taal. Yn [[Oekraïne]] wurdt Roeteensk meastentiids as in dialekt fan it Oekraynsk beskôge, omdat it sa tichteby it dialekt fan de [[Hoetsoelen]] leit, dy’t in dialekt fan it Oekraynsk sprekke.
 
It mannich kear besykjen om in Roeteenske [[standerttaal]] te ûntwikkeljen, wurde dreger makke trochdat de taal ferdield is oer fjouwer lannen. Yn alle fan dy lannen bestiet in oare [[stavering]] en [[grammatika]], basearre op ferskate Roeteenske dialekten. De kulturele sintra fan it Karpaten-Roeteensk binne [[Prešov]] yn Slowakije, [[Oezjhorod]] en [[Moekatsjeve]] yn Oekraïne, [[Krynica Zdrój]] en [[Legnica]] yn Poalen en [[Bûdapest]] yn Hongarije. Der wenje ek hiel wat aktive Roetenen yn [[Kanada]] en de [[Feriene Steaten]].
Rigel 28:
 
[[Kategory:Slavyske talen]]
[[Kategory:Roetenen]]
[[Kategory:Taal yn de Oekraïne]]
[[Kategory:Taal yn Poalen]]
[[Kategory:Taal yn Roemeenje]]
[[Kategory:Taal yn Slowakije]]