Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ik sil mei dizze side oan 'e gong. Ik helje de filmografy der even ôf, oars moat ik hieltyd sa'n ein op en del scrolle, mar haw gjin noed, ik set him aansten wer werom.
ynfoboks, ynlieding + begjin jonkheid & oplieding
Rigel 1:
{{Wurk}}

{{Akteur
[[Ofbyld:Eastwoodtux2.jpg|thumb|right|''Clint Eastwood'']]
| ôfbylding = Clint Eastwood J. Edgar Premier, November 2011 (cropped).jpg
[[Ofbyld:ClintEastwood_Berlinale.jpg|thumb|''Clint Eastwood (by de ''Berlinale'' 2007)'']]
| ôfbyldingstekst = Clint Eastwood yn [[2011]].
| ôfbyldingsbreedte = 200px
| echte namme = Clinton Eastwood jr.
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]
| berne = [[31 maaie]] [[1930]]
| berteplak = [[San Francisco]] ([[Kalifornje]])
| stoarn =
| stjerplak =
| etnisiteit = [[File:Flag of Ireland.svg|border|20px]] [[Ieren (folk)|Iersk]]
[[File:Flag of England.svg|border|20px]] [[Ingelsen|Ingelsk]]
[[File:Flag of Scotland.svg|border|20px]] [[Skotten|Skotsk]]
[[File:Flag of the Netherlands.svg|border|20px]] [[Nederlanners|Nederlânsk]]
| regionale identiteit =
| jierren aktyf = [[1955]] – no
| prizen = 4× [[Oscar]]
4× [[Golden Globe]]
| webside = [http://www.clinteastwood.net/ www.clinteastwood.net]

'''Clint Eastwood''' (folút: '''Clinton Eastwood jr.'''; [[San Francisco]], [[31 maaie]] [[1930]]) is in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[akteur]], [[filmregisseur]], [[produsint|filmprodusint]], [[komponist]] fan [[filmmuzyk]] en earder [[politikus]]. Hy sette yn [[1955]] útein mei in [[aktearjen|aktearkarriêre]], en briek yn [[1959]] troch mei de [[rol]] fan Rowdy Yates yn 'e [[western (sjenre)|westernsearje]] ''Rawhide''. Neitiid spile er yn 'e [[1960-er jierren]] yn ferneamde [[spagettywestern]]s as ''A Fistful of Dollars'', ''For a Few Dollars More'' en ''The Good, the Bad and the Ugly'', en yn 'e [[1970-er jierren|1970-er]] en [[1980-er jierren]] yn al like ferneamde [[plysjefilm]]s as ''Dirty Harry'', ''Magnum Force'' en ''The Dead Pool''. Sokke rollen hawwe fan Eastwood in [[kultureel ikoan]] fan [[manlikheid]] makke. Hy spile ek yn 'e [[westernfilm]]s ''The Outlaw Josey Wales'', ''High Plains Drifter'', ''Pale Rider'' en ''Unforgiven'', de [[oarlochsfilm]] ''Where Eagles Dare'', de [[psychologyske skriller]] ''Play Misty for Me'', de [[aksjefilm]] ''In the Line of Fire'', de [[skriller]]s ''Absolute Power'' en ''Blood Work'', it [[romantyk (leafde)|romantysk]] [[dramafilm|drama]] ''The Bridges of Madison County'', it [[sport]]drama ''Million Dollar Baby'' en de [[dramafilm]] ''Gran Torino''. Foar ''Unforgiven'' en ''Million Dollar Baby'' wûn Eastwood beide kearen sawol de [[Oscar]] foar bêste [[regisseur]] as dy foar bêste [[film]]. As eigner fan syn eigen [[filmstudio]], [[Malpaso Productions]], regissearre en produsearre er ek films dêr't er sels net yn spile, lykas it [[detektivefilm|detektivedrama]] ''Mystic River'', de [[oarlochsfilm]] ''Letters from Iwo Jima'' en de [[sport]]film ''Invictus''. Fierders skreau er gauris sels de [[filmmuzyk]] foar syn produksjes. Njonken syn karriêre yn 'e [[filmyndustry]] wie Eastwood fan [[1986]] oant [[1988]] ek [[boargemaster]] fan syn wenplak [[Carmel-by-the-Sea (Kalifornje)|Carmel-by-the-Sea]].
[[File:Clint Eastwood BBC Radio4 Front Row 31 Dec 2009 b00pfl98.flac|right|thumb|265px|De [[stim]] fan Clint Eastwood (fragmint fan in [[radioprogramma]] fan 'e [[BBC]] út [[2009]]).]]

==Libben en karriêre==
[[Ofbyld:Hollywod blvd Clint Eastwood.jpg|thumb|''Hântekening fan Eastwood op [[Hollywood Boulevard]].'']]
===Jonkheid en oplieding===
'''Clinton (Clint) Eastwood''' ([[San Francisco]], [[31 maaie]] [[1930]]) is in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[filmakteur]], [[filmprodusint]], [[filmregisseur]] en [[politikus]].
Eastwood waard yn [[1930]] [[berne]] yn [[San Francisco]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Kalifornje]], as de [[soan]] fan Clinton Eastwood sr. ([[1906]]-[[1970]]) en dy syn [[oarehelte|frou]] Ruth Runner ([[1909]]-[[2006]]). Syn [[mem]] naam letter de [[efternamme]] oan fan har twadde [[oarehelte|man]] John Belden Wood ([[1913]]-[[2014]]), mei wa't se [[troud]]e nei it [[ferstjerren]] fan 'e [[heit]] fan Clint Eastwood. By syn berte weage Eastwood 5,2 [[kg]], en dêrom joegen de [[ferpleechster]]s yn it [[sikehûs]] dêr't er te wrâld kommen wie, him de [[bynamme]] '[[Simson|Samson]]', nei de [[bibel]]ske [[Rjochters (bibelboek)|rjochter]] dy't bekend stie om syn lichemskrêft. Hy hat in jongere [[suster]], Jeanne Bernhardt ([[1934]]), en hy is fan mingd [[Ieren (folk)|Iersk]], [[Ingelsen|Ingelsk]], [[Skotten|Skotsk]] en [[Nederlanners|Nederlânsk]] [[etnyske groep|etnysk]] [[komôf]]. Hy stammet ôf fan û.m. [[William Bradford (gûverneur fan 'e Plymouthkoloanje)|William Bradford]], in [[gûverneur]] fan 'e iere [[Plymouthkoloanje]], dy't mei it ferneamde [[skip]] de ''[[Mayflower (skip)|Mayflower]]'' de [[Atlantyske Oseaan]] oerstiek. Yn 'e line fan Bradford fertsjintwurdiget Eastwood de tolfde [[generaasje]] dy't yn [[Noard-Amearika]] berne is.
Hy hat yn ferskate grutte films spile en letter ek sels grutte films regisearre en makke. Fierders hat er yn syn lettere jierren boargemaster west en hat er him dwaande hâlden mei oare polityk.

Yn syn iere [[jonkheid]] [[ferhuze]] Eastwood gauris, mei't syn heit ferskate [[baan (wurk)|banen]] efterinoar hie by de hiele [[kust|westkust]] fan 'e [[Feriene Steaten]] lâns. Yn [[1940]], doe't Eastwood tsien jier wie, sette de [[húshâlding]] him lykwols foargoed nei wenjen yn [[Piedmont (Kalifornje)]], dêr't Eastwood fierder opgroeide. Hoewol't er letter yn ferskate [[fraachpetear]]en úthâlde soe dat er ek dêrnei noch allegeduerigen ferhuze wie, is it eins sa dat er fan [[1940]] oant [[1949]] ûnôfbrutsen yn Piedmont wenne. It [[hûs]] fan 'e Eastwoods stie yn in tige begoedige part fan it stedsje, en omfette in eigen [[swimbad]]. De beide [[âlden]] wiene lid fan 'e pleatslike [[country club]] en hiene elts in eigen [[auto]].
== De politikus ==
Fan 1986 tot 1988 wie Eastwood nammens [[Republikeinske Partij (FS)|Republikeinske Partij]] boargemaster fan [[Carmel-by-the-Sea]] yn [[Kalifornje]].

Fan 2002 ôf wie er ficefoarsitter fan de park- en rekreaasje[[kommisje]] fan Kalifornje; syn termyn einige yn 2008.

== De regisseur ==
Clint Eastwood hat as [[Filmregisseur|regisseur]] mear as 25 films makke en hat dêrfoar in protte [[Academy Award|Oscars]] krige. Hy heart by de grutte Amerikaanske filmregisseurs.

Yn [[1992]] fernuvere Eastwood in soad minsken mei de troch him regissearre film ''Unforgiven''. Hoewol't Eastwood al yn [[1971]] syn regydebút makke mei ''Play Misty for me'', waard ''Unforgiven'' yn earsten syn hichtepunt: hy wûn de [[Academy Award|Oscars]] foar [[Academy Award foar Bêste Film|bêste film]] en bêste [[filmregisseur|regy]].

Yn [[2005]] wûn er in twadde Oscar as bêste regisseur foar ''Million Dollar Baby''.

Yn hast alle films dy't er regissearre spile er sels ek de haadrol.