Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks, ynlieding + begjin jonkheid & oplieding
+ jonkheid & oplieding, begjin karriêre
Rigel 25:
 
Yn syn iere [[jonkheid]] [[ferhuze]] Eastwood gauris, mei't syn heit ferskate [[baan (wurk)|banen]] efterinoar hie by de hiele [[kust|westkust]] fan 'e [[Feriene Steaten]] lâns. Yn [[1940]], doe't Eastwood tsien jier wie, sette de [[húshâlding]] him lykwols foargoed nei wenjen yn [[Piedmont (Kalifornje)]], dêr't Eastwood fierder opgroeide. Hoewol't er letter yn ferskate [[fraachpetear]]en úthâlde soe dat er ek dêrnei noch allegeduerigen ferhuze wie, is it eins sa dat er fan [[1940]] oant [[1949]] ûnôfbrutsen yn Piedmont wenne. It [[hûs]] fan 'e Eastwoods stie yn in tige begoedige part fan it stedsje, en omfette in eigen [[swimbad]]. De beide [[âlden]] wiene lid fan 'e pleatslike [[country club]] en hiene elts in eigen [[auto]].
 
Eastwood makke yn Piedmont de [[middelskoalle]] ôf oan 'e Piedmont Middle School, dêr't er fanwegen minne [[sifer (ûnderwiis)|sifers]] in kear [[oergean (ûnderwiis)|sitten bleau]] en in [[skoaljier]] oerdwaan moast. Fan [[jannewaris]] [[1945]] oant teminsten [[jannewaris]] [[1946]] folge er [[fuortset ûnderwiis]] oan 'e Piedmont High School, dêr't er fan skoalle stjoerd waard om't er in [[obseniteit|obsene]] suggestje rjochte oan in [[learkrêft]] op it [[skoareboerd]] fan it [[sportfjild]] skreaun hie, en om't er in [[pop]] dy't in oare [[dosint]] foarstelle moast, begroeven hie op it [[gazon]] fan 'e skoalle. Eastwood gie doe nei de Oakland Technical High School, dêr't er yn [[jannewaris]] [[1949]] foar syn [[eineksamen]]s slagje moatten hie, hoewol't it ûndúdlik is oft er dat ek wier dien hat. Ferskate doetiidske [[freon]]en fan Eastwood hawwe yn fraachpetearen oanjûn dat er tsjin dy tiid fierstente drok mei oare dingen wie om him om syn skoaleksamens te bekroadzjen, en de útslach fan [[middelbere skoalle|middelbere-skoaleksamens]] wurdt yn 'e Feriene Steaten beskôge as strang fertroulike ynformaasje, sadat it foar bûtensteanders net nei te gean is.
 
Nei't er fan skoalle gien wie, hie Eastwood in ferskaat oan [[baan (wurk)|banen]], wêrûnder [[strânwacht]], [[winkelbetsjinde]] yn in [[krudenierssaak]], [[brânwacht]] foar de bestriding fan [[wyldbrân|boskbrannen]] en [[golfcaddy]]. Neffens Clintwood sels woed er him yn [[1951]] ynskriuwe litte oan 'e [[Universiteit fan Seattle]], mar waard er doe oproppen foar de [[tsjinstplicht]] ûnder de [[Koreaanske Oarloch]]. Syn eardere [[oarehelte|partner]] [[Sondra Locke]] sei dêroer yn in fraachpetear: "Hy neamde altyd de Koreaanske Oarloch as er dat sei, yn 'e hope dat eltsenien oannimme soe dat er oan it front tsjinne hie en de iene of oare held wie. Mar eins brocht er syn hiele skoft yn it leger troch as strânwacht yn [[Fort Ord]] yn noardlik Kalifornje." Neffens Don Loomis, in maat fan Eastwood op 'e middelbere skoalle, gie Eastwood yn dy snuorje om mei in dochter fan in [[ofsier]] yn Fort Ord, dy't him de hân boppe de holle holden hawwe soe as der [[soldaten]] nei [[Koreä]] stjoerd wurde moasten. Yn dyselde snuorje regele Eastwood dat er ûnder syn [[ferlof]] yn [[Seattle]] in [[ôfspraakje]] mei in frommeske hie. Op 'e weromweis nei Fort Ord wied er in [[passazjier]] yn in [[Douglas A-1 Skyraider]]-[[bommesmiter]] dy't sûnder [[brânstof]] kaam te sitten en by [[Point Reyes]] yn [[see]] delstoarte. Eastwood en de [[piloat]] brûkten in [[rêdingsflot]] om 3,2 [[km]] nei de kust te [[swimmen]].
 
===Karriêre yn 'e filmyndustry===
====Iere jierren====
Wylst Eastwood legere wie yn Fort Ord, waarden dêr op in stuit opnamen makke foar in produksje fan [[Universal Studios]]. In assistint, neffens Eastwood syn offisjele [[biografy]] in Chuck Hill, dy't sels ek yn Fort Ord legere wie mar kontakten yn [[Hollywood]] hie, nûge Eastwood doe út om yn 'e kunde te kommen mei de [[regisseur]]. Dat wie de earste kear dat Eastwood yn oanrekking kaam mei de [[filmyndustry]]. It spriek him wol oan, en nei't er syn tsjinstplicht ferfolle hie, sette er nei [[Los Angeles]] ta, dêr't er Hill wer opsocht. Dyselde smokkele him it [[filmstudio]]kompeks fan Universal binnen en stelde him foar oan [[kameraman]] [[Irving Glassberg]], dy't him in [[audysje]] besoarge by regisseur [[Arthur Lubin]]. Lubin wie tige ûnder de yndruk fan Eastwood syn uterlik en syn lingte fan 1.93 [[meter|m]], mar hy wie min te sprekken oer syn feardichheden op it mêd fan [[aktearjen]]. Dêrom rette er him oan om earst mar ris aktearlessen te folgjen, wêrnei't er him yn [[april]] [[1954]] in [[kontrakt]] oanbea foar [[$]]100 yn 'e [[wike]]. Foar syn earste lytse [[rol]]tsjes krige Eastwood in protte [[krityk]] om syn stive manear fan aktearjen en om't er syn [[tekst]]en útspriek suver sûnder dat er de [[tosk]]en faninoar die, wat neitiid beide libbenslange hannelsmerken fan him waarden.