Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ trochbraak
+ trochbraak
Rigel 47:
 
Ein [[1963]] wiisde [[Eric Fleming]], ien fan Eastwood syn [[kollega]]-akteurs yn ''Rawhide'', in oanbod ôf om 'e [[haadrol]] te spyljen yn in [[spagettywestern]] mei de [[titel (namme)|titel]] ''A Fistful of Dollars'', dy't yn in ôfhandige úthoeke fan [[Spanje]] opnommen wurde soe mei de ûnbekende [[Itaalje|Italjaan]] [[Sergio Leone]] as regisseur. Dêrop rette akteur [[Richard Harrison (akteur)|Richard Harrison]] oan Leone oan om 'e haadrol oan Eastwood oan te bieden, mei't er wist dat dy in oertsjûgjende cowboy delsette koe. Eastwood seach yn ''A Fistful of Dollars'' benammen de kâns om te ûntkommen oan syn ''Rawhide''-[[imago]], mei't it him, sa seid er letter yn in fraachpetear, danich ta de kiel úthong "om hieltyd wer de tradisjonele held spylje te moatten dy't aloan en mar wer âlde wyfkes en hûnen tutet en Jan en alleman freonlik behannelet. Ik besleat dat it tiid waard om ris in antyheld te wêzen."
 
Dêrom tekene er in [[kontrakt]] foar $15.000 foar alve wiken wurk, mei as [[bonus]] in [[Mercedes-Benz|Mercedes]] as de film klear wie. Eastwood spile in wichtige rol yn 'e skepping fan it haadpersonaazje, de 'Man sûnder Namme', al stie Leone der op dat Eastwood, dy't sels net [[smoken|smookte]], dat yn dy rol wol dwaan moast, om't er dat as in essinsjeel ûnderdiel fan 'e lichemsstyl fan it personaazje beskôge. ''A Fistful of Dollars'' ([[1964]]) waard in ûnbidich súkses en foarme in mylpeal yn 'e ûntwikkeling fan 'e [[spagettywestern]] en fan it [[westernsjenre]] yn it algemien. Der waard in wetteleazer en desolater wrâld yn ôfbylde as dat yn tradisjonele westerns gebrûklik wie, en de haadpersoan wie net it Amerikaanske [[stereotype]] westernheld, mar in [[noarmen en wearden|moreel]] dûbelsinnige [[antyheld]] dy't him nearne oan bûn liek te fielen. Sergio Leone waard mei de film wrâldferneamd, en Eastwood wûn der grutte populariteit mei yn [[Itaalje]]. Hy waard dêrom troch Leone weromfrege foar de haadrol yn ''For a Few Dollars More'' ([[1965]]), dy't likefolle súkses hie.
[[File:Clint Eastwood - 1960s.JPG|right|thumb|240px|Clint Eastwood as de Man sûnder Namme yn ''A Fistful of Dollars'' ([[1964]]).]]
 
Yn [[jannewaris]] [[1966]] mette Eastwood yn [[New York (stêd)|New York]] de Italjaanske [[produsint|filmprodusint]] [[Dino de Laurentiis]], dy't him frege om yn 'e film ''Le Streghe'' ("De Heksen", [[1967]]) te spyljen, in fiiflûk dêr't er De Laurentiis syn [[oarehelte|frou]] [[Silvana Mangano]] as [[tsjinspylster]] hawwe soe. It njoggentjin [[minuten]] duorjende segmint fan 'e film dêr't Eastwood yn spile, wie binnen in pear dagen opnommen, mar doe't de film útkaam, wiene de [[filmkritisy]] der min oer te sprekken, mei't it in tige "ûn-Clint-eftich optreden" wie, sa't ien fan harren it omskreau. Twa [[moanne (tiid)|moannen]] letter begûnen de opnamen foar de trêde film fan Sergio Leone dêr't Eastwood yn spile: ''The Good, the Bad and the Ugly'' ([[1966]]), dy't draaide om 'e syktocht nei in bedobbe foarrie [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Konfederearre]] [[goud]]. Eastwood hie dêr fannijs de rol fan 'e mysterieze 'Man sûnder Namme' yn, en wurke yn 'e film gear mei [[Lee Van Cleef]] as in ûnmeilydsume skatsiker en [[Eli Wallach]] yn 'e rol fan 'e snoade [[Meksiko|Meksikaanske]] [[bandyt]] Tuco Ramírez.
 
De ''Dollars''-trilogy fan Leone kaam yn 'e [[Feriene Steaten]] pas yn [[1967]] yn 'e [[bioskopen]]: ''A Fistful of Dollars'' op [[18 jannewaris]], ''For a Few Dollars More'' op [[10 maaie]], en ''The Good, the Bad and the Ugly'' op [[29 desimber]]. Alle trije krigen se minne [[filmkrityk|kritiken]], en alle trije waarden se nettsjinsteande dat in [[kommersje]]el súkses. Dat wie yn 't bysûnder sa mei ''The Good, the Bad and the Ugly'', dy't yn 'e Feriene Steaten úteinlik $8 miljoen [[opbringst|opbrocht]] en fan Eastwood in wiere filmstjer makke. Dêrtroch krige er ek rollen yn Amerikaanske films oanbean. Mei it jild dat Eastwood fertsjinne hie oan 'e ''Dollars''-trilogy holp syn [[boekhâlder]] [[Irving Leonard (finansjeel adviseur)|Irving Leonard]] him om syn eigen [[filmstudio]] op te rjochtsjen, dy't Eastwood de namme [[Malpaso Productions]] joech, nei de [[Malpaso Creek]], in [[beek]]je dat troch lân streamde dat er besiet yn [[Monterey County (Kalifornje)|Monterey County]], yn [[Kalifornje]]. Eastwood syn folgjende film wie de [[westernfilm|western]] ''Hang 'Em High'' ([[1968]]), dêr't er in man yn spile dy't troch [[figilante]]s [[lynchen|lyncht]] wurdt, mar it oerlibbet en dan [[marshal]] wurdt om 'e [[wet]] te brûken en nim [[wraak]] op syn fijannen. Dêrmei fertsjinne wer $400.000 plus 25% fan 'e opbringst yn 'e bioskopen.