Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ mear karriêre
+ mear karriêre
Rigel 4:
| ôfbylding = Clint Eastwood J. Edgar Premier, November 2011 (cropped).jpg
| ôfbyldingstekst = Clint Eastwood yn [[2011]].
| ôfbyldingsbreedte = 200px220px
| echte namme = Clinton Eastwood jr.
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]
Rigel 78:
Eastwood syn folgjende film wie it troch himsels regissearre ''The Eiger Sanction'' ([[1975]]). Hy spile dêryn de rol fan Jonathan Hemlock, dy't oarspronklik foar [[Paul Newman]] bedoeld west hie. ''The Eiger Sanction'' is in [[spionaazjefilm]] oer in [[hiermoardner]] yn 'e tsjinst fan 'e [[oerheid]], dy't [[dosint]] oan in [[universiteit]] wurden is, mar yn syn âlde funksje weromkeart foar in lêste ''sanction'' (missy). As ûnderdiel dêrfan moat er ûnder nuodlike omstannichheden dielnimme oan in beklimming fan 'e noardkant fan 'e [[Eiger (berch)|Eiger]], in [[berch]] yn [[Switserlân]]. By wize fan tarieding foar syn rol liet Eastwood him ferskate wiken lang yn it [[Nasjonaal Park Yosemite]] traine troch profesjoneel [[berchbeklimmer]] [[Mike Hoover]], foar't de opnamen op lokaasje yn it Switserske [[Grindelwald]] begûnen. Nettsjinsteande alle warskôgings krige de [[filmcrew]] ferskate [[ûngelok (aksidint)|ûngelokken]], wêrby't ien persoan omkaam. Dochs stie Eastwood derop om sels al it klimwurk en alle [[stunt]]s te dwaan. Doe't ''The Eiger Sanction'' útkaam yn 'e bioskopen, kamen Eastwood-en-dy mei in opbringst fan $14,2 miljoen mar kwealk út 'e kosten. De filmkritisy fûnen der ek net folle oan. Eastwood sels joech de skuld fan it teloarstellende bioskoopbesyk oan [[distribúsje|distributeur]] [[Universal Studios]], dy't der mar wat mei de pet nei goaid hawwe soe wat de [[promoasje]]kampanje oangie. Hy kearde dêrop Universal foargoed de rêch ta en sleat ynstee in oerienkomst mei [[Warner Brothers]], dy't foargoed fan krêft bliuwe soe.
[[File:Film_shoot_for_The_Eiger_Sanction_in_Zurich_(10).jpg|right|thumb|230px|Clint Eastwood by in opname op lokaasje yn [[Zürich (stêd)|Zürich]] foar ''The Eiger Sanction'' ([[1975]]).]]
 
Ien fan Eastwood syn moaiste westernfilms wie ''The Outlaw Josey Wales'', út [[1976]], nei de [[roman]] út [[1972]] mei deselde namme fan [[Asa Earl Carter]]. De film soe earst regissearre wurde troch [[Philip Kaufman]], mar dy syn wurkwize sinnige Eastwood net. Dêrom beprate er [[produsint]] [[Bob Daley]] om Kaufman te [[Untslach|ûntslaan]], wêrnei't er sels de [[rezjy]] oernaam. Dy gong fan saken wie foar it [[Directors Guild of America]] oanlieding om 'e makkers fan ''The Outlaw Josey Wales'' in [[boete (jild)|boete]] fan likernôch $60.000 op te lizzen. Eastwood spile yn 'e film de [[titelrol]] fan Josey Wales, in lid fan 'e [[Bushwackers]], in [[histoarysk]]e pro-[[Konfederearre Steaten fan Amearika|Konfederearre]] [[guerrilja]]groep yn it [[Missoery (steat)|Missoery]] fan 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]], dy't oan 'e ein fan 'e [[oarloch]] wegeret de wapens del te lizzen om't de pro-Noardlike guerrilja's (de [[Jayhawkers]]) syn [[gesin]] [[fermoarde]] hawwe. Hy tsjocht dêrom nei it [[Wylde Westen]] mei in legerienheid op 'e hakken, wêrby't er geandewei almar mear folgelingen kriget. Yn 'e byrollen wiene û.o. Sondra Locke en [[opperhaad]] [[Dan George (opperhaad)|Dan George]] fan 'e [[Tsleil-Wautût]] te sjen, Locke as de frou dêr't Josey Wales in relaasje mei kriget, George as in âldere [[Sjeroky (folk)|Sjeroky]]-[[Yndiaan]] mei wa't Wales befreone rekket. ''The Outlaw Josey Wales'' wie de earste Amerikaanske film wêryn't Yndianen net ôfbylde waarden as wrede en moardsuchtige smjunten, en likemin as nommele wylden dy't noch gjin mich kwea dwaan soene, mar as gewoane minsken mei al harren flaters, dêr't ek gewoan om lake wurde kin sûnder harren as folk bespotlik te meitsjen. De film krige rûnom loovjende kritiken en wurdt beskôge as ien fan 'e bêste westernfilms aller tiden.
 
Neitiid waard Eastwood de rol fan Benjamin L. Willard oanbean yn [[Francis Ford Coppola]] syn masterwurk ''Apocalypse Now'', mar dy rol sloech er ôf om't er der neat foar fielde om wikenlang trochbringe te moatten yn 'e [[Filipinen]] (dêr't dy film opnommen waard). Om dy reden wegere er ek de rol fan [[peloton]]kommandant yn [[Ted Post]] syn film oer de [[Fjetnamoarloch]] ''Go Tell the Spartans''. Ynstee besleat er in trêde kear yn 'e hûd fan Harry Callahan te krûpen foar de [[plysjefilm]] ''The Enforcer'' ([[1976]]). Dêryn wurdt Callahan keppele oan in froulike [[plysje]] (spile troch [[Tyne Daly]]) om it op te nimmen tsjin in [[terrorisme|terroristyske groepearring]] yn San Francisco, dy't it [[Symbioneeske Befrijingsleger]] (SLA) net wanlyk is. De film, dy't einiget mei in [[sjitpartij]] op it [[finzenis]]eilân [[Alcatraz]], yn 'e [[Baai fan San Francisco]], wie mei 95 minuten oansjenlik koarter as de eardere beide ''Dirty Harry''-films, mar it waard in grut kommersjeel súskes, mei in opbringst fan mear $100 miljoen wrâldwiid. Yn [[1977]] regissearre Eastwood ''The Gauntlet'', in film dêr't er ek de haadrol yn spile, mei as [[tsjinspiler]]s Sondra Lock, [[William Prince (akteur)|William Prince]], [[Bill McKinney]] en [[Mara Corday]]. De film gie oer in yn 'e nederklits rekke plysjeman, dy't opdracht kriget en bring in [[prostituee]] hielhûds fan [[Las Vegas]] nei [[Phoenix (Arizona)|Phoenix]] om dêr te [[tsjûge|tsjûgjen]] yn in [[rjochtsaak]] tsjin 'e [[maffia]]. Hoewol't de film it ridlik die yn 'e bioskopen, fûnen de measte [[filmkritisy]] dat er te [[geweld]]diedich wie.
 
Yn [[1978]] spile Eastwood foar it earst de haadrol yn in [[komeedzjefilm]], ''Every Which Way But Loose'', as Philo Beddoe, in knokkende [[frachtweinsjauffeur]] dy't yn it selskip fan syn [[broer]] (spile troch [[Geoffrey Lewis (akteur)|Geoffrey Lewis]]) en in nuete [[orang-oetan]] troch it westen fan 'e Feriene Steaten doarmet op 'e siik nei syn ferlerne leafde (op 'e nij spile troch Locke). De film die it ûnferwachte goed, en ûntjoech him ta de op ien nei meast opbringende film fan [[1978]] en Eastwood syn kommersjeel súksesfolste film oant doe ta. Yn [[1979]] sleat Eastwood de [[1970-er jierren]] ôf mei ''Escape from Alcatraz'', de lêste fan syn films dy't regisearre waard troch Don Siegel, dy't it poerbêst die by sawol kritisy as bioskooppublyk. It [[senario]] wie basearre op it histoaryske ferhaal fan [[Frank Morris (finzene)|Frank Lee Morris]], dy't yn 'e mande mei de [[bruorren]] [[John Anglin (krimineel)|John]] en [[Clarence Anglin]] yn [[1962]] ûntsnapte út 'e beruchte [[Federale Finzenis Alcatraz]], op it [[eilân]] [[Alcatraz|mei deselde namme]] yn 'e [[Baai fan San Francisco]].
[[File:Eastwood1981.jpg|left|thumb|150px|Clint Eastwood yn [[1981]].]]