Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ mear karriêre
+ mear karriêre
Rigel 127:
 
Yn [[2006]] makke Eastwood, as regisseur en produsint, mar net as akteur, twa films dy't allebeide oer de [[Slach om Iwo Jima]] giene, yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] yn 'e [[Stille Oseaan]]. Foar beide films wurke Eastwood gear mei [[Steven Spielberg]]. De earste, ''Flags of Our Fathers'', gie oer de Amerikaanske [[marinier]]s dy't de [[Amerikaanske flagge]] op 'e top fan 'e [[berch]] de [[Suribachi]] op it eilân [[Iwo Jima]] planten. Yn dy film makke Eastwood syn [[soan]] [[Scott Eastwood|Scott]] syn aktear[[debút]]. Foar ''Flags of Our Fathers'' waard Eastwood nominearre foar in [[Golden Globe]] foar bêste regisseur. De twadde film wie ''Letters from Iwo Jima'', dy't draaide om 'e ûnderfinings fan 'e [[Japan]]ske ferdigeners fan it eilân en de [[brieven]] dy't hja dêrwei nei hûs skreaune. It wie de earste Amerikaanske [[oarlochsfilm]] dy't in [[fjildslach|militêr treffen]] hielendal fanút it perspektyf fan in fijân fan 'e Feriene Steaten sjen liet. Foar ''Letters from Iwo Jima'' waard Eastwood nominearre foar de [[Oscar]]s foar bêste film en bêste regisseur, wylst ek it [[senario]] in Oscarnominaasje krige. De ([[Japansk]]talige) film wûn fierders de [[Golden Globe]] foar bêste film yn in bûtenlânske [[taal]] en waard nominearre foar de Golden Globe yn 'e kategory bêste regisseur. Yn [[2009]] waard Eastwood foar syn bydrage oan 'e ferbettering fan 'e Amerikaansk-Japanske relaasjes troch [[keizer]] [[Akihito fan Japan]] beneamd yn 'e [[Oarder fan de Rizende Sinne]].
 
Yn [[2006]] waard Eastwood troch de [[Kalifornje|Kalifornyske]] [[gûverneur]] [[Arnold Schwarzenegger]] en [[first lady]] [[Maria Shriver]] ynhuldige as lid fan 'e [[California Hall of Fame]], dy't fêstige is yn it [[Kalifornysk Museum foar Skiednis, Froulju en de Keunsten]] yn [[Sacramento (Kalifornje)|Sacramento]]. Begjin [[2007]] ûntfong Eastwood by in seremoanje yn [[Parys]] it [[Légion d'Honneur]], de heechste [[Frankryk|Frânske]] [[boarger]]like [[ûnderskieding]], út 'e hannen fan presidint [[Jacques Chirac]], dy't him by dy gelegenheid fertelde dat er "it bêste fan Hollywood" belicheme. Eastwood krige yn dyselde snuorje ek trije [[earedoktoraten]] útrikt, yn [[2006]] fan 'e [[Universiteit fan de Stille Oseaan]] yn [[Sacramento (Kalifornje)|Sacramento]] en [[San Francisco]], en yn [[2007]] fan it [[Berklee College of Music]] en it [[Monterey Jazz Festival]]. Yn [[2009]] krige er ek in earedoktoraat fan it [[Amerikaansk Film Ynstitút]].
[[File:ClintEastwoodCannesMay08.jpg|right|thumb|180px|Clint Eastwood yn [[2008]] op it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes]].]]
 
In oare film dy't Eastwood regissearre en produsearre, mar dêr't er net yn spile, wie ''Changeling'', út [[2008]]. Dy wie basearre op in wier ferhaal út 'e ein fan 'e [[1920-er jierren]], wêryn't in [[mem]] (spile troch [[Angelina Jolie]]) nei jierren weriene wurdt mei har [[fermissing|fermiste]] soan, mar op in stuit ûntdekt dat it om in [[bedragerij|bedrager]] giet. ''Changeling'' waard troch de kritisy mei in protte lof ûntfongen; sa bewearde [[Damon Wise]] yn it [[tydskrift]] ''[[Empire (tydskrift)|Empire]]'', dat de film "sûnder lek of brek" wie. De film brocht mear as $110 miljoen op, mar it meastepart dêrfan kaam fan bûten de Feriene Steaten. Eastwood waard foar ''Changeling'' nominearre foar in [[Oscar]] en in [[Golden Globe]] foar bêste [[filmmuzyk]], twa [[Saturn Award]]s foar bêste regisseur en bêste filmmuzyk, en in [[BAFTA Award]] foar bêste regisseur.
 
Nei ''Changeling'' beëinige Eastwood in selsoplein fjouwerjierrich skoft yn syn aktearkarriêre troch de haadrol te spyljen yn 'e [[dramafilm]] ''Gran Torino'', dy't er dêrnjonken ek regissearre en produsearre en dêr't er mei syn soan [[Kyle Eastwood|Kyle]] en [[Jamie Cullum]] ek de filmmuzyk foar skreau. De film gie oer Walt Kowalski (Eastwood) in [[synisme|synyske]] en bittere âlde [[widner]] dy't neat fan syn [[buorlju]] (in [[etnysk]]e [[Hmong (folk)|Hmong]]-famylje) en likemin fan syn eigen [[bern (persoan)|bern]] en [[pakesizzer]]s hawwe moat, mar úteinlik freonskip slút mei syn buorjonge en buorfamke en it om harren opnimt tsjin in [[strjitbinde]] dy't de buert terrorisearret. Eastwood syn [[biograaf]] [[Marc Eliot]] omskreau it personaazje fan Walt Kowalski as "in gearraning fan 'e Man sûnder Namme, Dirty Harry en William Munny." ''Gran Torino'' wie in grut súkses en brocht yn it [[wykein]] fan 'e Amerikaanske [[premiêre]] allinnich al $30 miljoen op. De úteinlike, wrâldwide opbringst bedroech $268 miljoen, wat it (rekken hâldend mei [[ynflaasje]]) ta de kommersjeel súksesfolste film út Eastwood syn hiele karriêre makke. ''Gran Torino'' wie de trêde film fan Eastwood dy't de [[César du Cinéma]] yn 'e kategory bêste bûtenlânske film wûn. Ek waard Eastwood der foar nominearre foar de [[Golden Globe]] foar bêste filmmuzyk.
[[File:Clint_Eastwood_at_2010_New_York_Film_Festival.jpg|left|thumb|180px|Clint Eastwood yn [[2010]].]]