Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ mear karriêre
+ mear karriêre
Rigel 135:
Nei ''Changeling'' beëinige Eastwood in selsoplein fjouwerjierrich skoft yn syn aktearkarriêre troch de haadrol te spyljen yn 'e [[dramafilm]] ''Gran Torino'', dy't er dêrnjonken ek regissearre en produsearre en dêr't er mei syn soan [[Kyle Eastwood|Kyle]] en [[Jamie Cullum]] ek de filmmuzyk foar skreau. De film gie oer Walt Kowalski (Eastwood) in [[synisme|synyske]] en bittere âlde [[widner]] dy't neat fan syn [[buorlju]] (in [[etnysk]]e [[Hmong (folk)|Hmong]]-famylje) en likemin fan syn eigen [[bern (persoan)|bern]] en [[pakesizzer]]s hawwe moat, mar úteinlik freonskip slút mei syn buorjonge en buorfamke en it om harren opnimt tsjin in [[strjitbinde]] dy't de buert terrorisearret. Eastwood syn [[biograaf]] [[Marc Eliot]] omskreau it personaazje fan Walt Kowalski as "in gearraning fan 'e Man sûnder Namme, Dirty Harry en William Munny." ''Gran Torino'' wie in grut súkses en brocht yn it [[wykein]] fan 'e Amerikaanske [[premiêre]] allinnich al $30 miljoen op. De úteinlike, wrâldwide opbringst bedroech $268 miljoen, wat it (rekken hâldend mei [[ynflaasje]]) ta de kommersjeel súksesfolste film út Eastwood syn hiele karriêre makke. ''Gran Torino'' wie de trêde film fan Eastwood dy't de [[César du Cinéma]] yn 'e kategory bêste bûtenlânske film wûn. Ek waard Eastwood der foar nominearre foar de [[Golden Globe]] foar bêste filmmuzyk.
[[File:Clint_Eastwood_at_2010_New_York_Film_Festival.jpg|left|thumb|180px|Clint Eastwood yn [[2010]].]]
 
Yn [[2009]] makke Eastwood wer in film dêr't er allinnich as regisseur en produsint by belutsen wie. Dat wie ''Invictus'', in [[sport]]film basearre op it wiere ferhaal fan it [[Súd-Afrika|Súdafrikaanske]] [[rugby]]team yn 'e [[Rugby World Cup]] fan [[1995]], mei yn 'e haadrollen [[Matt Damon]] as [[François Pienaar]], de oanfierder fan it rugbyteam, en [[Morgan Freeman]] as presidint [[Nelson Mandela]]. De film krige oer it generaal positive resinsjes, en Eastwood waard derfoar nominearre foar in [[Golden Globe]] foar bêste regisseur en foar de [[César du Cinéma]] foar bêste bûtenlânske film. Yn [[2010]] regissearre en produsearre Eastwood ''Hereafter'', op 'e nij mei [[Matt Damon]] yn 'e haadrol, dy't diskear in [[heldersjende]] spile. De film gie yn [[septimber]] yn [[premiêre]] op it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto]] en waard neitiid yn in beheind tal bioskopen útbrocht. ''Hereafter'' krige mingde kritiken, hoewol't de rezjy fan Eastwood oer it algemien priizge waard.
 
In folgjende film dêr't Eastwood útslutend efter de skermen oan wurke, yn 'e hoedanichheid fan regisseur, produsint en komponist, wie ''J. Edgar'' ([[2011]]), in [[biografyske film]] oer de beruchte [[FBI]]-[[direkteur]] [[J. Edgar Hoover]], mei [[Leonardo DiCaprio]] yn 'e titelrol. De film krige mingde reäksjes fan 'e resinsinten, hoewol't de aktearprestaasje fan DiCaprio rûnom as geweldich beskôge waard. Yn [[jannewaris]] [[2011]] waard bekendmakke dat Eastwood yn [[ûnderhanneling]] wie mei [[sjongster]] [[Beyoncé Knowles]], om har de haadrol spylje te litten yn in trêde [[remake]] fan 'e klassiker ''A Star Is Born'', út [[1937]]. Dat projekt waard lykwols op 'e lange baan skood doe't Beyoncé [[yn ferwachting]] rekke. Dêrop gie Eastwood oan 'e slach mei it [[honkbal]]drama ''Trouble with the Curve'' ([[2012]]), dat er produsearre en dêr't er de haadrol yn spile, mar dat regissearre waard troch [[Robert Lorenz]], dy't earder as assistint-regisseur mei Eastwood oan ferskate oare film gearwurke hie. Eastwood spile yn dy film de rol fan Gus Lobel, in [[honkbal]]scout op jierren, dy't foar syn lêste scoutingreis syn dochter (spile troch [[Amy Adams]]) meinimt om't syn [[eagen]] sa min binne dat er de wedstriden sels net mear goed sjen kin.
[[File:Clint_Eastwood,_February_2015.jpg|right|thumb|250px|Clint Eastwood spilet [[golf (sport)|golf]] op in [[goeddiedichheid]]sevenemint yn [[2015]].]]
 
Yn [[2014]] regissearre en produsearre Eastwood ''Jersey Boys'', in [[biografyske film|biografyske]] [[musical]] basearre op 'e mei in [[Tony Award]] bekroande [[musical|toanielmusical]] mei deselde namme, oer de [[band]] [[The Four Seasons (band)|The Four Seasons]]. Datselde jiers regisearre en produsearre Eastwood ek de kontroversjele film ''American Sniper'', basearre op 'e [[autobiografy]] fan [[Chris Kyle]], in [[slûpskutter]] foar it [[Amerikaanske Leger]]. Eastwood naam dêrby it plak yn fan Steven Spielberg, dy't ûnder de [[preproduksje]] ôfheakke. Hy hie sels in [[kameo]]roltsje yn 'e film as in [[tsjerke]]gonger. Nettsjinsteande dat, of miskien just trochdat ''American Sniper'' troch in soad resinsinten en oare waarnimmers feroardiele waard om't de film bûten[[rjocht]]lik [[moard]]zjen yn opdracht fan 'e Amerikaanske [[oerheid]] ferhearlikje soe, waard de film in grut súkses yn 'e bioskopen, mei in opbringst fan $350 miljoen yn 'e Feriene Steaten en yn totaal $547 miljoen wrâldwiid. ''American Sniper'' waard ek nominearre foar in Oscar foar bêste film.