Betrayer (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L klan --> clan
Rigel 30:
Op dy [[reis]] (sjoch: ''[[Explorer (roman)|Explorer]]'') giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de ''paidhi'' Bren Cameron, de ''aiji''-[[dûairiêre]] Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde [[beppe]] fan Tabini, de ''aiji'' (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de [[soan]] en [[kroanprins|erfgenamt]] fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der [[diplomasy|diplomatike relaasjes]] oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de ''Phoenix'' en Reunion hast in [[oarloch]] mei feroarsake hiene.
 
Doe't de ''Phoenix'' nei in [[reis]] dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: ''[[Destroyer (roman)|Destroyer]]''). Op 'e [[planeet]] hie in bloedige [[steatsgreep]] plakfûn, wêrby't Tabini-''aiji'' ôfset wie. It fêstelân waard no behearske troch in koälysje fan 'e Kadigidi út 'e Padi-delling en suderlingen út 'e Marid, en yn Shejidan, de [[haadstêd]] fan 'e Westlike Assosjaasje regearre de [[usurpator]] Murini, it haad fan 'e Kadigidi-klanclan. It Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi [[wet]] en iepenbiere oarder hanthavene, wie oant op it bien ferdield; op ferskate plakken op it fêstelân wie in [[guerrilja-oarloch]] geande tusken Murini syn troepen en oanhingers fan Tabini; en op it [[eilân]] Mospheira makke de [[minske|minsklike]] [[koloanje]] him op foar in iepen oarloch tsjin Murini. It wie ûnbekend oft Tabini noch libben wie.
 
De weromkear fan 'e ''Phoenix'' mei oan board de ''paidhi'', de ''aiji''-dûairiêre en de erfgenamt fan 'e ''aiji'', late ta in kontrarevolúsje (sjoch: ''[[Pretender (roman)|Pretender]]'') wêrby't Murini en trewanten binnen inkele dagen ûnder fuotten helle waarden en Tabini, dy't ûnderdûkt bliek te wêzen, wer oan 'e macht brocht waard. Hoewol't it noarden, de midden, it westen en, nei in lytse [[rebûlje]] (sjoch: ''[[Deliverer]]'') ek it easten no wer stevich yn 'e hannen fan it regear fan Tabini binne, is it suden, de Marid, noch altyd in probleemgebiet. Yn it foargeande diel fan 'e rige, ''[[Conspirator (roman)|Conspirator]]'', loek Bren him ienige tiid werom op syn [[bûtenpleats]] Najida, oan 'e westkust, dêr't er besite krige fan Cajeiri en Ilisidi. Doe't er út hoflikens in besyk brocht oan syn [[buorman]], Baiji, ûntsnapte er lykwols mar kwealk oan in [[oanslach]] op syn libben. Neitiid die bliken dat Baiji, dy't it bewâld oer de bûtenpleats Kajiminda fierde foar syn [[omke]], Bren syn trouwe bûnsgenoat [[hear (titel)|hear]] Geigi, ûnder de rebûlje fan Murini betrekkings oanknope hie mei de Marid, en dat syn [[stêf]] út en tenei ynfiltrearre wie troch suderlingen.