Folle moanne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 2:
'''Folle moanne''', ek wol '''ripe moanne''' neamd, is de [[skynfoarm]] of faze wêryn't de [[moanne (byplaneet fan de Ierde)|moanne]] fanút it eachpunt fan 'e [[Ierde (planeet)|Ierde]] yn syn hiele hear en fear beljochte wurdt troch de [[sinne]]. Dat bart as de Ierde tusken de sinne en de moanne yn stiet, om persiis te wêzen: as de [[ekliptysk koördinaasjesysteem|ekliptyske lingtegraden]] fan 'e sinne en de moanne [[opposysje (astronomy)|mei 180° ferskille]]. Dat betsjut dat it [[lunêr]]e [[healrûn]] dat nei de Ierde ta keard is (de saneamde [[foarkant fan de moanne|foarkant fan 'e moanne]]) folslein troch [[sinne]]ljocht rekke wurdt en fan 'e Ierde ôf te sjen is as in rûne skiiffoarm, wylst de [[efterkant fan de moanne|efterkant fan 'e moanne]] hielendal yn it [[tsjuster]] sit.
 
==Ynfloed op astronomyskastronomyske waarnimmings==
Folle moanne is net it bêste momint om [[astronomy]]ske waarnimmings te dwaan. It ljocht fan 'e moanne is te fel en oertreft dêrmei it ljocht fan 'e [[stjer]]ren. Ek de moanne sels is by folle moanne net optimaal waar te nimmen, mei't troch it ûntbrekken fan [[skaad|skaadfoarming]] de [[krater]]s en [[moanneberchtme]]n min werom te kennen binne.