Ammoanium: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
No edit summary
Rigel 23:
 
:NH<sub>4</sub>NO<sub>3</sub> → N<sub>2</sub>O + 2 H<sub>2</sub>O
 
== Ammonium yn de natuer ==
Yn de natuer ûntstiet ammonium benammen by it ôfbrekken fan [[Aaiwyt|aaiwiten]]. Sa wurdt it troch [[fisken]] en measte oare wetterorganismen as einprodukt troch bygelyks de kiuwen útskaat. Ek fan it ferrotsjen fan dea [[organysk materiaal]] wurdt it as einprodukt frijlitten. It spilet in wichtige rôl yn de [[sitroensoerrûntegong]], dêr't it mei [[alfa-ketoglutaraatsoer]] ta [[glutaminesoer]] reagearret.
 
Ammonium wurdt yn de [[grûn]] en yn gewaaksen mei [[soerstof]] troch [[baktearjes]], sa as fan de skaaien fan de ''[[nitrosomonas]]'', ynearsten ta [[nitryt]] en dan troch in oare skaai, de ''[[nitrobakter]]'', fierder ta [[nitraat]] oksidearre. Njonken baktearjes spylje by it oksidearjen fan ammonium yn de grûn ek [[argeaën]] in wichtige rôl. Dat proses wurdt [[nitrifikaasje]] neamd en is wichtich foar it boaiemlibben. Ek foar gewaaksen is de nitrifikaasje in wichtich part fan it skjinmeitsjen fan harsels.
 
Ammoniak is foar fisken al yn in lytse hoemannichte fergiftich. In ammoniumgehalte yn it wetter fan 0,5 oant 1 mg/l is it heechste dat fisken tasean kinne. By ammoniumgehaten fan 1mg/l of heger yn it wetter is net gaadlik foar fiskerijdoelen.
 
== Gebrûk ==
Ammoniumsâlten wurde brûkt yn it meitsjen fan [[keunstdong]]. It ammoniumsâlt fan it [[tioglykolsoer]] wurdt as reduksjemiddel brûkt foar in [[permaninte hierweach]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://de.wikipedia.org/wiki/Ammonium ''Einzelnachweise'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Ferbining fan stikstof]]
[[Kategory:Ferbining fan wetterstof]]
[[Kategory:Skiekunde]]