Lieuwe fan Aitzema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Lieuwe-van-aitzema.jpg|thumb|200px|Lieuwe van Aitzema]]
'''Lieuwe van Aitzema''' ([[Dokkum]], [[19 novimber]] [[1600]] - [[Den Haach]], [[23 febrewaris]] [[1669]]) wie in Nederlânsk diplomaat, skiedskriuwer, libbensgenieter en [[libertyn]]. Trochdat Van Aitzema in grut tal offisjele dokuminten opnaam yn syn wurken en dêr kommentaar op joech, binne dizzendy noch altyd fan grut belang foar hjoeddeiske histoarisy. Syn styl is troch puntichheid en sarkasme yntrigearendyntrigearjend en meislepend.
 
== Biografy ==
Lieuwe van Aitzema wie de soan fan (mar ek de broer fan) in boargemaster fan Dokkum. Syn heit waard berne yn [[Reiderlân (regio)|Reiderlân]]. Syn pake ûntflechte yn 1568 dizzedy omjouwingkrite, fanwege de [[slach by Jemmingen]]. Hy studearre rjochten oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]], Parys en [[Orléans]] en stie bekend as in "flirter". Yn 1622 waard hyer abbekaat by it [[Hof fan Fryslân]], yn 1624 by it [[Hof fan Hollân]]. Yn 1625 waard hyer beneamd as residint fan de [[Hânze]]stêden [[Hamburch]] en [[Bremen (dielsteat)|Bremen]] yn Den Haach, tanksij syn omke [[Foppe van Aitzema]]. Yn 1627 waard hyer troch de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]] as agint fan de stêd [[Magdeburg (stêd)|Magdeburg]] erkend en yn 1644 as residint fan [[Frije en Hânzestêd Lübeck|Lubeck]].
 
Van Aitzema makke yn 1635 en yn 1652 in reis nei Ingelân op lêst fan de Hânzestêden en behartigebehertige de belangen fan de Republyk. Hy kaam inyn kontakt mei ferskate pommeranten, lykas [[Oliver Cromwell]] en besocht oft de op hannen wêzende hannelsoarloch noch ôfkeardkeard wurde koe. Van Aitzema hammerdehammere derop dat Hollân like graach in oerienkomst mei Ingelân winske as dat in fisk nei wetter snakkelongere. Op de weromreis waard de pakketboat, eigendom fan de greve fan [[Thurn und Taxis|Taxis]] kaapt en Van Aitzema ferlear syn koffer mei weardefolle besittings. Hy protesteardeprotestearre om 'e nocht by de Steaten fan Seelân, dy't de kaperbrief jûn hienen.
 
Van Aitzema sette yn Den Haach in soarte politike berjochtetsjinst op mei abonnees yn Dútslân, Sweden, Denemark, Feneetsje, Ingelân en Frankryk. De [[19e iuw|19e-iuw]]ske histoarikus [[Robert Fruin]] makke him út foar spion, want hy joech yn de [[Earste Ingelsk-Nederlânske Oarloch|Earste]] en de [[Twadde Ingelsk-Nederlânske Oarloch|Twadde Ingelske Oarloch]] oan de Ingelske masterspion [[John Thurloe]] heechst geheime ynljochtings oer de situaasje yn en de plannen fan de Republyk.
Rigel 12:
Neist syn haadwurk, de ''Saken van Staet en Oorlogh'', in fûneminteel pleidoai foar ienheid en ferdraachsumens en in wichtige skiedboarne foar it tiidrek 1621 - 1668, hat Aitzema noch twa boeken skreaun, ien oer de [[Frede fan Münster]] en ien oer de turbulinte foarfallen yn de jierren [[1650]] en [[1651]], ''Herstelde Leeuw''. Aitzema jout tige sekuere beskriuwings fan de oankomst fan ferskate gesanten, harren yntochten yn Den Haach, fan harren earste publike audiïnsjes, harren earste besites. Syn beoardieling fan steatslju is fakentiden sinysk en sarkastysk: minsken litte har faak liede troch kâld eigenbelang.
 
En ''Herstelde Liuw'' én ''Saken van Staet en Oorlogh'' waardwaarden troffen troch in publikaasjeferbod. Yn 1652 achte it [[Hof fan Hollân]] it boek oer it konflikt fan steedhâlder [[Willem II fan Oranje-Nassau|Willem II]] mei it gewest [[Hollân]] yn de twa foarôfgeande jierren in mooglike boarne fan politike ûnrêst, wylst de Steaten fan Fryslân de opdracht fan de ''Saken van Staet en Oorlogh'' te folle in ferhearliking fan de Steaten fan Hollân fûnen.
 
== Fyzje ==
[[De Nederlânske Opstân]] waard troch him net as in godstsjinstoarloch of as in nasjonale frijheidsstriid beskôge, mar as in perioade fan boargeroarloch en partijstriid, wêryn't it iene bewâld it oare ôfwiksele. Foar Van Aitzema wie [[Hindrik IV fan Frankryk]], dy't fan godstsjinst feroare om kening fan Frankryk wurde te kinnen, in ljochtsjend foarbyld. [[Karel I fan Ingelân]] hie dizzedy kening as foarbyld nimme moatten. Yn it kristlike Rome waarden neffens him alle republikeinske deugden yn praktyk brocht. Yn it pauslik bestjoer waard men allinnich op grûn fan bekwaamheden en fertsjinsten yn de amten en weardichheden beneamd. Alle erfrjocht wie dêr troch it systeem fan it [[selibaat]] ferneatige, wylst gjin inkeleinkelde famylje fan it heechste amt útsluten wie.
 
Van Aitzema wie in "[[Realpolitik]]er": men moat de wrâld nimme sa't dy is en net sa't dy wêze moat. Hy seach himsels as in ûnôfhinklik auteur, dy't net nammensút namme fan in inkeleinkelde partij skreau, mar gewoanwei de pinne oppakte omdat hyer dat net litte koe. In auteur mei in lette ropping, dy't doe't hyer ienkear de smaak fan it skriuwen te pakken hie, gewoan net mear ophâlde koe en letterlik oant syn dea skriuwen bleautrochskreau.
 
== Publikaasjes ==