Migrêne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 1:
{{Berjocht:Disclaimer medyske side}}
[[File:Migraine.jpg|right|thumb|250px|Ofbylding fan immen dy't migrêne hat.]]
'''Migrêne''' (fan it [[Latyn]]ske ''hemicrania'', "heale skedel", fia it [[Frânsk]]e ''migraine'') is in [[neurofaskulêr systeem|neurofaskulêre]] oandwaning wêrby't [[pine]]-oanfallen ûntsteane troch [[senuw|neurale]] prikkelings dy't nei in hommelse tydlike fernauwing in ferwiding fan 'e [[bloedfet]]ten ta gefolch hat. Dat giet yn 'e regel mank mei in ekstreme klopjende [[pineholle]] dy't meastal mar oan ien kant fan 'e [[holle]] field wurdt (dêrfandinne de Latynske betsjutting fan 'e namme). Yn it deistich spraakgebrûk wurdt de term 'migrêne' ornaris brûkt foar elts swiere foarm fan pineholle, mar [[genêskunde|medysk]] sjoen moat it ûnderskaat wurde fan [[klusterpineholle]] en [[spanningspineholle]]. By weromkearende migrêne-oanfallen wurdt men mei klam oanret om in [[dokter]] te riedplachtsjen, om't der [[medisinen|genêsmiddels]] besteane dy't previntyf wurkje of in oanfal bekoartsje kinne.