Ljocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
Rigel 16:
De [[faasje]] fan ljocht yn in [[fakuum]] (299.792.458 [[meter]] de [[sekonde]]) is ien fan 'e grutte [[natuerkundige konstante|konstante]]n fan 'e [[natoer]], en dêrmei ek ien fan 'e grûnslaggen fan 'e [[natuerkunde]]. Oare soarten fan [[elektromagnetyske strieling]] bewege har trouwens ek mei de [[faasje fan it ljocht]] fuort. De wichtichste [[fariabele]] skaaimerken fan sichtber ljocht binne [[ljochtsterkte (fotometry)|ljochtsterkte]], [[fuortplantingsrjochting]], [[kleur]] en [[polarisaasje (elektromagnetisme)|polarisaasje]]. Ljochtsterkte wurdt ek wol [[amplitude]] neamd. Kleur wurdt bepaald troch [[frekwinsje]] of [[weachlingte]]; it ferskil tusken dy beide begripen is dat de weachlingte, oars as de frekwinsje, ôfhinklik is fan 'e stof dêr't de strieling (yn dit gefal it ljocht) trochhinne giet. De polarisaasje wurdt ek wol de [[trilling]]srjochting neamt; dy stiet altyd heaks op 'e fuortplantingsrjochting.
 
Yn 'e [[natuerkunde]] wurdt mei 'ljocht' soms ferwiisd nei elektromagnetyske strieling fan lykfol hokker weachlingte, oft it no sichtber is of net. Yn dy sin binne [[gammastrielengammastrieling]], [[röntgenstrielenröntgenstrieling]], [[mikrostrielenmikroweach|mikroweagen]] en [[radiostrielenradiostrieling]] ek ljocht. Krekt as alle foarmen fan elektromagnetyske strieling beweecht sichtber ljocht him fuort yn 'e foarm fan [[weach|weagen]]. De troch de weagen opwekke enerzjy wurdt lykwols op isolearre lokaasjes absorbearre sa't dieltsjes absorbearre wurde. De absorbearre enerzjy fan elektromagnetyske weagen wurdt in [[foton]] neamd en fertsjinwurdiget de [[kwantum|kwanta]] fan it ljocht. As de weach fan ljocht transformearre rekket en absorbearre wurdt ta in foton, stoart de enerzjy fan 'e weach fuortendaliks yninoar nei in isolearre lokaasje en dy lokaasje is wêr't de foton "arrivearret". Dat proses wurdt [[weachfunksje-ynstoarting]] neamd. It resultearjende dualistyske weach-eftige en dieltsje-eftige aard fan ljocht stiet bekend as de [[weach-dieltsjedualiteit]]. Fotoanen spylje in wichtige rol yn 'e [[kwantumoptika]].
[[File:Light_dispersion_conceptual_waves.gif|right|thumb|250px|Ljocht skynt troch in [[prisma]] en falt útinoar troch [[ferstruiïng (natuerkunde)|ferstruiïng]].]]